Kazan-katedraal (Moskou)

De Kazan-katedraal yn Moskou, eins de Katedraal fan Us Leaffrou fan Kazan (Russysk: Казанский собор) is in Russysk-otterdokske tsjerke dy't leit yn de noardeastlike hoeke fan it Reade Plein yn de Russyske haadstêd Moskou. It hjoeddeiske gebou is in rekonstruksje fan de orizjinele tsjerke, dy't op oanwizing fan de doedestiidske diktator Josef Stalin yn 1936 ferneatige waard.

Kazan-katedraal (Moskou)
BSicon CATHEDRAL.svg
Kazansky Cathedral in MSK.jpg
Lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow, Russia.svg Moskou
koördinaten 55° 45'N 37° 37'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Russysk-Otterdokse Tsjerke
bisdom Moskou
Arsjitektuer
boujier 1625
ferneatige: 1936
werbou 1990-1993
Webside
kazanski-sobor.ru
Kaart
Kazan-katedraal (Moskou)
Kazan-katedraal

SkiednisBewurkje

De oarspronklike tsjerke waard yn de iere jierren 1630 boud ta oantinken fan de befrijing fan Moskou fan de Poalske ynvaazje yn 1612.

 
It úterlik fan de katedraal foar de restauraasje troch Pjotr Baranovski (1882)

Nei't de Poalen ferdreaun wiene, skreau Dmitri Pozjarski it súkses ta oan de godlike help fan de Hillige Mem Gods fan Kazan, ta wa't hy him ferskate kearen keard hie foar bystân. Ut eigen middels finansierde hy de bou fan in houten tsjerke op it Reade Plein fan Moskou, dy't wijd waard oan Us Leaffrou fan Kazan.

Doe't it lytse hilligdom yn 1632 ôfbaarnde, joech tsaar Michael I opdracht om it te ferfangen troch in stiennen tsjerke. Dy twadde tsjerke waard yn oktober 1636 ynwijd.

Troch meardere renovaasjes en feroarings oan it gebou gyng it oarspronklike ûntwerp alhiel ferlern. De ferneamde Russyske arsjitekt Pjotr Baranovski stie yn de jierren 1929–1932 foar de útdaging om de gevel werom te bringen nei it oarspronklike ûntwerp. Guon spesjalisten hiene lykwols krityk op de krektens fan de rekonstruksje.

Yn 1936, doe't de kommunisten it Reade Plein op 'e nij ynrjochtsje woene foar it hâlden fan grutte militêre parades, ordonearre Stalin dat de romte frij makke wurde moast fan tsjerken. Ynspannings fan Baranovski om de ôfbraak fan de Kazan-katedraal tefoarren te kommen, wiene om 'e nocht. Hy krige it lykwols wol foar inoar dat de Basiliuskatedraal stean bliuwe mocht.

De rekonstruksjeBewurkje

Nei de ynstoarting fan de Sovjet-Uny wie de Kazan-katedraal de earste tsjerke dy't wer rekonstruearre waard. Dit barde yn de jierren 1990-1993 oan de hân fan krekte ôfmjittings en ôfbylden fan de oarspronklike tsjerke, dy't Baranovki noch foar de ferneatiging yn 1936 makke hie.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis op dizze side.