Mem Gods fan Kazan
De Mem Gods fan Kazan, ek Us-Leaffrou fan Kazan, (Russysk: Казанская Богоматерь; Kazanskaja Bogomater), wie in tige hillich ikoan fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. De ikoan stelde de Jongfaam Marije foar as beskerm- en patroanhillige fan de stêd Kazan. De Mem Gods fan Kazan hie foar it lân in nasjonale status as de Hillige Beskermster fan Ruslân.
Neffens de leginde wie de ikoan oarspronklik ôfkomstich út Konstantinopel. De ikoan gyng ferlern yn 1438 en waard 140 jier letter yn Kazan op wûnderlike wize werom fûn yn 1579 troch in famke op in plak, dat har yn in dream troch de Mem Gods oanwiisd wie. Op it plak fan de fynst waard noch itselde jier in kleaster stifte, it Bogoroditski-kleaster.
Neffens russyske kommandanten lykas Dmitri Pozjarski yn de 17e iuw en Michail Kûzûtov yn de 19e iuw wie it te tankjen oan it oanroppen fan de Mem Gods fan Kazan dat it lân de Poalske ynvaazje fan 1612, de Sweedske ynvaazje fan 1709 en de Frânske ynvaazje fan 1812 wist ôf te slaan. De Kazan-ikoan waard alderheislikst populêr yn it lân en njonken de orizjinele ikoan wiene der nochris njoggen (of tsien) wûnderdiedige replika's fan dit ikoan-type.
De orizjinele ikoan waard yn 1904 út de katedraal fan it Bogoroditski-kleaster yn Kazan stellen. Oer it lot fan de ikoan is fierder neat mear fernommen, mooglik wie it de dief allinne te dwaan om de kostbere list fan de ikoan en is de ikoan sels neitiid ferneatige.
Yn Ruslân binne twa tige ynternasjonaal bekende katedralen wijd oan de Mem Gods fan Kazan: de Kazan-katedraal yn Moskou en de Kazan-katedraal yn Sint-Petersburch. Yn dy katedralen wurde, lykas ek yn oare oan de Mem Gods fan Kazan wijde tsjerken, ikoanen bewarre dy't styloerienkomsten hawwe mei de oarspronklike ikoan.
Yn 1953 kocht de ingelske skriuwer en aventurier Frederick Albert Mitchell-Hedges in replika fan de ikoan yn in westerske keunstwinkel, dy't yn 1917 yn Sint-Petersburch stellen waard. Undersyk wiisde út dat de ikoan it wurk wie fan in betûfte ikoaneskilder út de 16e iuw. De ikoan waard letter kocht foar de byzantynske tsjerke yn Fátima, Portugal. Dêr bleau it oant 1993, doe't de ikoan nei it Fatikaan brocht waard. Paus Jehannes Paulus II joech de ikoan yn 2004 werom oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke, dy't de ikoan oan it weriepene Bogoroditski-kleaster yn Kazan oerdroech.
Ikoanen fan de Mem Gods fan Kazan binne ek yn katolike tsjerken te finen. De feestdagen fan de Mem Gods fan Kazan falle op 21 july en op de dei fan de Nasjonale Ienheid yn Ruslân op 4 novimber.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Our Lady of Kazan
|