Basiliuskatedraal
De Basiliuskatedraal is ien fan de meast ferneamde gebouwen fan Moskou en stiet oan it Reade Plein. De bou sette útein yn 1552 yn opdracht fan tsaar Ivan de Ferskriklike en duorre oant en mei 1561. Reden foar de bou wie de oerwinning fan de Russen op de Tartaarske stêd Kazan. De arsjitekt hat nei alle wierskyn Posnik Jakowlew west. It ferhaal giet dat him, yn opdracht fan de tsaar, de eagen útstutsen binne om sa foar te kommen dat de arsjitekt ea wer sa'n moai gebou meitsje soe.

Offisjeel hiet it gebou de Maria-Foarspraak Katedraal, mar it is ferneamd as Basiliuskatedraal, nei de "hillige dwaas" Wassili, dy't dêr begroeven leit. It monumint is neffens de tradisjonele Russyske houtarsjitektuer boud. Net earder as yn 1670 binne de sipelfoarmige koepels beskildere yn ferskate kleuren, dêrfoar wie it gebou wyt mei goudkleurige koepels.
De katedraal is in wichtich plak foar Russysk-Otterdokse leauwenden.