Kazankatedraal (Sint-Petersburch)

De Katedraal fan Us Leaffrou fan Kazan of, yn 't koart, de Kazankathedraal (Russysk: Казанский собор; Kazanskaja sobor) is in russysk-otterdokse tsjerke oan 'e Nevski Prospekt yn Sint-Petersburch.

Kazankatedraal

Казанский собор

Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adres Nevski Prospekt
koördinaten 59° 56' N 30° 19' E
Arsjitektuer
arsjitekt Andrej N. Voronchin
boujier 1801-1811
boustyl Klassisisme
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7810539000 [1]
Webside
kazansky-spb.ru
Kaart
Kazankatedraal (Sint-Petersburch-Sintrum)
Kazankatedraal
 
Ynterieur.

De katedraal waard tusken 1801 en 1811 yn opdracht fan tsaar Paul I boud en ferfong in tsjerke, dy't wijd wie oan 'e berte fan 'e Hillige Jongfaam. It ûntwerp fan 'e katedraal wie ôfkomstich fan 'e arsjitekt Andrei Voronichin en is ynspirearre op 'e Romeinske Sint-Piter. Alhoewol't de Russysk-Otterdokse Tsjerke de plannen ôfkarde om in op in katolike basilyk ynspirearre tsjerke te bouwen yn 'e doedestiidske haadstêd fan Ruslân, hie it ûntwerp de stipe fan it hôf.

Karakteristyk oan 'e tsjerke is de 111 meter lange kolonnade mei 96 pylders, dy't yn in bôge it plein foar in part omklammet. De troch rôze pylders droegen tsjerke is binnen rûm, mar tsjuster en wurdt ferljochte troch grutte kroanluchters. De ûnbidich grutte brûnzen doarren binne ien fan 'e trije replika's fan de doopkapel fan e domtsjerke fan Florence. Oan 'e ikoanen hawwe de bêste russyske skilders út dy tiid wurke. De ikonostase bleau mar foar in diel bewarre.

Nei't yn 1812 Napoleon Ruslân binnenfoel, socht maarskalk Michail Kûtûzov help by Us Leaffrou fan Kazan, oan wa't de tsjerke wijd wie. Doe't de oarloch oer wie, moast de katedraal yn it foarste plak in monumint wurde ta oantinken fan 'e Russyske oerwinning op Napoleon. Kûtûzov soe sels yn 1813 yn de katedraal byset wurde. Twa jier letter waarden de kaaien fan santjin stêden en acht fêstings út Jeropa oerbrocht en yn 'e sakristy fan de tsjerke ophongen. De twa bylden fan Kûtûzov en Barclay de Tolly foar de katedraal binnen in ûntwerp fan Boris Orlovski út 1837.

De earste politike demonstraasje fan Ruslân, de Kazan-demonstraasje, fûn yn 1876 foar de katedraal plak. Nei de Oktoberrevolúsje waard de katedraal ûnteigene en sletten foar de earetsjinst. Yn 1932 krige it in nije bestimming as in Museum fan de Skiednis fan Religy en Ateïsme. It duorre oant 1998 ear't it gebou wer brûkt waard, dêr't de bou foar ornearre wie.

Yn 2002 waard de katedraal oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn.

Alle skilderijen binne fan de hân fan Vladimir Borovikovski.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: