Keerlke-Pries
De Keerlke-Pries is de wichtichste Eastfryske priis oangeande fertsjinsten yn it Eastfrysk Plat. Hy wurdt troch de feriening Ostfreeske Taal útjûn. Keerlke is de namme fan it byldsje foar it stedshûs yn Lier, makke troch byldhouwer Christian Eisbein, dy't basearre is op de romanfiguer mei deselde namme fan Wilhelmine Siefkes. Mei de priis krije persoanen en ynstellings in plom foar harren ynset foar it befoarderjen fan it Eastfrysk Plat.
Untfangers
bewurkje seksje- 1993: Gitta Franken foar har ynset foar it Platdútsk yn de beukerskoalle
- 1994: Gemeente Ihlow en meiwurkers foar it oparbeidzjen mei it Platdútske wurdboek fan Otto Buurman
- 1995: Theda Ahlrichs foar har ynset foar it Platdútsk yn de tsjerke
- 1996: Jan Cornelius fan Jemgum foar syn fertsjinsten foar it Platdútske berneliet
- 1997: Theo Schuster útjouwer fan Schuster-Verlag yn Lier
- 1998: Ubbo Gerdes as skriuwer en toanielspiler
- 1999: Garrelt van Borssum foar syn ynset foar it Platdútsk op ’e skoalle
- 2000: Gernot de Vries foar syn wurk oan syn wurdboek
- 2001: Helmut Duis foar syn Platdútske ferkeapstrening oan de Beropsskoalle Lier
- 2002: Jakob Janshen foar syn fertsjinsten foar it Platdútske teäter
- 2003: Ländliche Akademie Krummhörn foar it befoarderjen fan it Platdútsk op it plattelân
- 2004: Hans-Hermann Briese, Johannes Diekhoff un Carl-Heinz Dirks as útjouwers fan it tiidskrift Diesel
- 2005: Gerd Brandt foar syn ynset foar it Platdútsk op Radio Eastfryslân
- 2006: Marianne Brückmann för ehr Insetten för de plattdüütsche Spraak
- 2007: Helmut Hinrichs foar syn libbenwurk, benammen syn wurk foar it Harlinger Plat
- 2008: Cornelia Nath foar har ynset foar it Platdútsk
- 2009: Margret Aden en Grete Saathoff foar harren langjierrich wurk foar de oanset foar it brûken fan it Platdútske op legere skoallen.
- 2010: Adolf Sanders foar syn ynset op ferskate mêden oangeande it fuortsterkjen fan it Platdútsk
- 2011: Imke Schulte foar har ynset foar it Platdútsk
- 2012: Herma Knabe foar har ynset foar it befoarderjen fan ûnderrjocht yn it Platdútsk op skoallen
- 2013: Hanne Klöver foar har Platdútske bydrage op radio en tillefyzje
- 2014: Helmut Collmann foar syn ynterregionale ynset foar it Platdútsk
- 2015: Hillrich Reents foar syn ynset op ferskate mêden foar it Platdútsk
- 2016: Antje Gronewold foar har bûtengewone ynset foar it Platdútsk foar in soad jierren
- 2017: Herma Cornelia Peters en Albert Janssen foar harren grutte ynset op it mêd fan it Platdútske teäter
- 2018: Angelika Seidel foar har langjierrige ynset foar it brûken fan it Platdútsk op skoallen
- 2019: Andreas Gerdes foar syn ynset op ferskate mêden
- 2020: net útjûn fanwegen de koroanafirus-pandemy
- 2021: Heinz Janssen foar syn wurk op de Platdútske wikipedy