Keimpe van der Meulen (skûtsjeskipper)
Keimpe van der Meulen (folút: Keimpe Hendrik van der Meulen; Balkbrug (Oerisel), 1 maart 1932 – Boalsert, 12 jannewaris 2009)[1] wie skipper op it skûtsje fan Wâldsein tusken 1974 en 1987. Syn heit, Klaas van der Meulen, wie yn 1973 stoarn by it skûtsjesilen by Starum. Dêrom waard de namme fan it skûtsje feroare fan de "Keimpe van der Meulen" yn de "Klaas van der Meulen". Yn 1985 waard Keimpe kampioen by de SKS. Twa jier letter naam syn broer Teake it roer fan him oer.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |