De keizerspjocht (Campephilus imperialis) is in fûgel út de famylje fan 'e spjochten (Picidae). De fûgel waard yn 1832 troch John Gould beskreaun en wie endemysk yn Meksiko.[1] De lêste betroubere waarnimming is út 1956 en se binne bang dat de fûgel útstoarn is, al neamd de IUCN de status krityk.

Keizerspjocht

Mantsje en wyfke fan 'e keizerspjocht yn it Museum fan Wiesbaden.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai ivoarsnaffelspjochten
   (Campephilus)
soarte
Campephilus imperialis
Gould, 1832
IUCN-status: krityk
nei alle gedachten al útstoarn
ferspriedingsgebiet
Oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e keizerspjocht
 
Lithograaf út 1898
John Livsey Ridgway (1859–1947)

De keizerspjocht wie in swart mei wite fûgel fan 50 oant 60 sm lang. Fan boppe wie de spjocht swart mei grutte wite flekken op 'e wjukken en in pear wite streken oer it swart op 'e rêch, as droech er galgen. De snaffel fan 'e fûgel wie ivoarkleurich en it mantsje hie in reade toefe en it wyfke in swarte. Jonge fûgels wiene bruner. It wie de grutste spjochtesoarte yn 'e krite.

Fersprieding

bewurkje seksje

De keizerspjocht wie endemysk yn Meksiko en hie populaasjes yn 'e Westlike Sierre Madre yn 'e dielsteaten Sonora, Chihuahua, Durango, Nayarit, Zacatecas (faaks), Jalisco en Michoacán de Ocampo. It leefgebiet fan 'e spjocht bestie út heal iepen, natuerlik nudlebosk op heechflakten, yn 'e regel tusken de 1900 en 3000 m boppe seenivo. Dêrby wie it wichtich dat de bosken ryk wiene oan âlde beammen en beamstronken. In pearke keizerspjochten hie in grut territoarium fan 26 km². It wie yn it biotoop net in seldsume fûgel, al sil de populaasje nei alle gedachten nea grutter west ha as 8000 eksimplaren.

De lêste befêstige waarnimming datearret fan 1956. Dêrnei wiene der út en troch meldingen fan waarnommen keizerspjochten, mar de dêrop folgjende wittenskiplike ynventarisaasjes yn it noch beskikbere biotoop leveren fierder gjin oertsjûgend bewiis op dat de fûgel noch bestie. It geskikte leefgebiet waard troch de eksploitaasje fan it nudlebosk lytser, dat boppedat makliker tagonklik waard foar jagers. Dy skeaten de keizerspjochten foar de fearren en snaffels ôf, dy't as fersiering tsjinnen.

Om 't it noch net 100% wis is dat de fûgel útstoarn is, wurdt de status fan 'e keizerspjocht troch de IUCN op 'e Reade list krityk neamd.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside nl:Keizerspecht (ferzje fan 29 desimber 2023)