Kening fan 'e Greide

Kening fan 'e Greide is in Fryske stifting dy't begûn as in inisjatyf fan besoarge boargers om 'e yn Fryslân yn syn fuortbestean bedrige skries te rêden. (De skries wurdt ek wol 'de kening fan 'e greide' neamd.) Nei ferrin fan tiid begûn de organisaasje him yn te setten foar it behâld fan alle greidefûgels, hoewol't de skries hieltyd in sintraal plak yn it wurk fan Kening fan 'e Greide ynnaam. Inisjatyfnimmers binnen de organisaasje wiene Klaas Sietse Spoelstra, ornitolooch Theunis Piersma en Hans van der Werf, teffens direkteur fan 'e Fryske Miljeufederaasje.

Kening fan 'e Greide
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd beskerming fan greidefûgels
fêstige yn Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 2012
offisjele webside
www.kingofthemeadows.eu

Om 'e Fryske befolking bewust te meitsjen fan 'e swierrichheden dêr't greidefûgels mei te krijen hawwe, waard gebrûk makke fan edukative projekten en it oanfiterjen fan keunst op it mêd fan greidefûgels. Yn it wurk fan Kening fan 'e Greide waard ek omtinken jûn oan besibbe ûnderwerpen as biodiversiteit, de takomst fan 'e lânbou, de kwaliteit fan 'e leefomjouwing, en it op duorsume wize produsearjen fan iten. Men besocht natoerynklusive lânbou op 'e aginda te setten en frege der oandacht foar yn it lânbou-ûnderwiis. Fan 2016 ôf waard tawurke op it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018, dêr't Kening fan 'e Greide oan meidie mei ûnderdielen as de teäterfoarstelling Conference of the Birds yn De Griene Stjer en it Grote Grutto Theater yn it Natoermuseum Fryslân.

Ein augustus 2018 waard bekend dat Spoelstra en Piersma in stap tebek dwaan woene, sadat Kening fan 'e Greide ferlet hie fan in nije 'kertiermakker'. Dat moast in betelle krêft wêze, dy't in nije opset makke om ta in aginda te kommen foar nei 2018. Boppedat moast der in nije finansjele basis lein wurde. Kening fan 'e Greide hope dêrfoar op bydragen fan 'griene' organisaasjes en út 'e lânbou wei. Fierders paste in subsydzje fan 'e oerheid neffens Van der Werf "as bydrage foar it berop dat dy oerheid faak op ús docht." Wichtich wie neffens him wol dat sa'n subsydzje de ûnôfhinklikens fan Kening fan 'e Greide net oantaaste mocht. De organisaasje fuortsette mei inkeld ynset fan frijwilligers wie wat him oangie gjin opsje: dan soe it allegear te frijbliuwend wurde.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hettema, Halbe, Kening fan 'e Greide zoekt opvolgers, yn: de Ljouwerter Krante, 31 augustus 2018, s. 23.