De Keningsleppelbek (Platalea regia) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae).

Keningsleppelbek
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai leppelbekken (Platalea)
soarte
Platalea regia
Gould, 1838
IUCN-status: net bedrige

Beskriuwing bewurkje seksje

 
Groepke keningsleppelbekken.

De keningsleppelbek is in grutte, wite fûgel mei in swarte, leppelfoarmige snaffel. De fûgel is likernôch 80 sm grut en hat in gewicht tusken de 1,4 en 2,07 kg. It is in waadfûgel mei lange poaten, geskikt om troch it wetter te rinnen. Hy yt fisk, skaaldierkes, krabkes en kikkerts en fangt syn proai troch de snaffel hinne en wer te swyljen.

Fersprieding en systematyk bewurkje seksje

De fûgel komt foar yn Austraalje, Nij-Seelân, Yndoneezje en op Nij-Guineä en de Salomonseilannen. Hy wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat de fûgel net yn ûndersoarten is ferdield.

Status bewurkje seksje

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: