Keninkryk Deira
It Keninkryk Deira wie yn de 6e iuw nei Kristus in keninkryk dat foar it meastepart yn Yorkshire lei. It roan fan de Humber nei de Tees, en fan de see oant de westlike râne fan de Vale of York. Deira waard yn 604 troch Aethelfrith fan Noardumbrje mei it noardliker lizzende keninkryk Bernisia gearfoege ta it keninkryk Noardumbrje.
De namme fan it keninkryk komt út it Brythonysk, faaks fan Deifr, wat "wetters" betsjut, of fan Daru, wat "iik" betsjut, yn hokker gefal it "de minsken fan de Derwent" betsjutte soe, in ôflieding dy't ek fûn wurdt yn de Latynske namme foar Malton, Derventio.[1]
Neffens Simeon fan Durham roan Deira fan de Humber oant de Tyne, mar lei it lân benoarden de rivier de Tees braak. Neidat it Keninkryk Ebrauc anneksearre waard troch Edwin, waard York (Ebrauc) de haadstêd fan Deira. Earder wie de haadstêd yn of by Pocklington.
De earste Angelse kening dy't spoaren neilitten hat yn de skiednis is Ælla. Yn 581 ferôvere hy it ryk van de Britten en bloeide syn regear de lêste desenia fan de 6e iuw. Nei syn ferstjerren waard Deira ûnderwurpen troch kening Æthelfrith fan Bernisia, dy't beide keninkriken ferienige yn Noardumbrje. Æthelfrith regearde oant er opfolge waard troch Ælla syn soan Edwin yn 616 of 617, dy't oer beide riken oant 633 it bewâld hold.
Osric, de neef fan Edwin, bestjoerde Deira nei Edwin, mar syn soan Oswine waard yn 651 dea bdien troch Oswiu. Dêrnei waard Deira in stikmannich jierren regearre troch Æthelwald, de soan fan Oswald fan Noardumbrje.
De earbiedwurdige Bede hat oer Deira skreaun yn syn Historia Ecclesiastica.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|