Kerry cattle binne in seldsum melkkoweras, dy't fan oarsprong yn Ierlân thús hearde. It jildt as ien fan de âldste rassen fan Europa[1]. De facht is meast folslein swart, mei allinne in bytsje wyt oan it jaar. De hoarnen binne witich mei swarte punten. Kij wage sa'n 350–400 kg en produsearje 3000–3700 kg molke de laktaasjeperioade[2].

Kerry, ko en keal yn it Nasjonaalpark Killarney

It Kerryras stammet faaks ôf fan de Celtic Shorthorn, dy't al om 2000 f.Kr. nei Ierlân kaam. Kerry's waarden fokt al melkkij foar de lytse buorkerijen fan súd- en west-Ierlân. Sy ferniele de wiete grûn en greiden lang safolle net as de gruttere rassen. Tsjin 1983 wiene der noch mar sa'n 200 Kerrykij mei in stambeam yn de wrâld[3], mar sûnt rint it tal wer omheech. Yn Ierlân wurdt in keppel Kerry's holden op it lângoed Farmleigh dat eigendom fan de steat is.

Murphys Ice Cream begûn yn 2006 de molke fan de Kerry te brûken foar it meitsjen fan konsumpsje-iis, sawol om it lânseigen ras te stypjen as omdat de molke in protte rjemme hat en dêrtroch ideaal foar it meitsjen fan rjemme-iis is. [4]

Kerry's waarden yn 1818 ynfierd yn de Feriene Steaten en foldiene dêr goed yn de 19e iuw, mar yn de jierren '30 wienen sy al seldsum wurden. Tsjintwurdich binne der noch in pear keppels yn Noard-Amearika, meast ymport fan koartlyn yn Kanada.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. History of The Kerry Cow
  2. The Kerry Cattle Society
  3. Oklahoma State University breed profile
  4. [1]