Keunsthal yn Emden

De Keunsthal yn Emden (Kunsthalle Emden) is in museum foar moderne keunst yn de noardwestlike Dútske havenstêd Emden.

 
Keunsthal, Emden (2005)

De Kunsthalle is in út typysk East-Fryske bakstiennen oplutsen gebou. It waard ûntwurpen troch it Hannoversk arsjitekttepear Friedrich en Ingeborg Spengelin. De bou fan it museum waard yn 1983 mooglik makke troch de yn Emden berne Henri Nannen (1913-1996), dy't jierrenlang de útjouwer en haadredakteur wie fan it tydskrift Stern. Hy bestege in grut part fan syn fermogen oan de bou, dêr't in mânske samling skilderijen en byldhouwurken út Dútske de tiid fan it Ekspresjonisme ûnder wiene. Nannen waard fanwege de oprjochting fan dit museum eareboarger fan de stêd Emden.

De Kunsthalle waard op 3 oktober 1986 iepene troch it doetiidske Dútske steatshaad Richard von Weizsäcker, dy't by dy gelegenheid de "minsklike diminsjes" fan it museum priizge. Yn april 2006 waard úteinset mei in ferbouwing fan de Keunsthal. It museum waard yn desimber 2007 fannijs iepene.

De Kunsthalle hat ek in skilderoplieding foar bern ûnder har dak.

Samling en útstallingen

bewurkje seksje

It swiertepunt fan de fêste kolleksje leit by skilderijen út de perioade fan de Nije Saaklikheid en it Dútske ekspresjonisme. Der is bygelyks wuk fan Ernst Ludwig Kirchner, Max Pechstein en Emil Nolde te sjen. Yn april 2006 wiene der 103 eksposysjes hâlden sûnt de iepening. De meast slagge wie dy oer it wurk fan de Noarske skilder Edvard Munch, dy't fan oktober 2004 oant jannewaris 2005 likernôch 120.000 besikers luts.

Keppeling om utens

bewurkje seksje