Kevin Inkelaar (Spijkenisse, 8 july 1997) is in Nederlânsk hurdfytser, dy't sûnt 2022 rydt foar Leopard Pro Cycling.

Kevin Inkelaar
sporter
Kevin Inkelaar (2019)
Kevin Inkelaar (2019)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kevin Inkelaar
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 8 july 1997
berteplak Spijkenisse
lingte 181 sm
gewicht 64 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 2016

As junior waard Inkelaar ûnder mear twadde yn it einklassemint fan de Omgong fan Valromey en tweintichste yn dat fan Aubel-Thimister-La Gleize yn 2015. Yn 2016 makke Inkelaar de oerstap nei de opliedingsploech fan Lotto Soudal. Yn syn twadde jier by dy ploech makke hy diel út fan de seleksje dy't de iepenings-ploechetiidrit yn de Okolo Jižních Čech wûn. Earder dat jier wie er al tolfde wurden yn it einklassemint fan de Omgong fan de Aostavallei.

Yn febrewaris 2018 waard Inkelaar, yn tsjinst fan Polartec Kometa, njoggende yn it jongereinklassemint fan de Omgong fan Antalya. Letter dat jier naam er ûnder mear diel oan de Klasika Primavera. Hy behelle syn earste yndividuele UCI-oerwinning yn de Omgong fan de Aostavallei.

Yn 2020 yntusken fytsend foar Bahrein-McLaren waard er 138ste yn de Omgong fan Spanje. Nei twa jier by Bahrein-McLaren makke er yn 2022 de oerstap nei Leopard Pro Cycling.

Dielname oan grutte omgongen

bewurkje seksje

Dielname oan de Omgong fan Spanje

bewurkje seksje
  • 2020 - 138ste
  • 2018 - Polartec-Kometa
  • 2019 - Groupama-FDJ Continental Team
  • 2020–2021 - Bahrain-McLaren
  • 2022 - Leopard Pro Cycling