Kim Holland, echte namme: Yvonne Meulendijk-Van Zelderen (Gouda, 22 maaie 1969), is in Nederlânsk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoprodusinte, publisiste en kolumniste út Ryswyk.

Kim Holland
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Yvonne Meulendijk-Van Zelderen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 maaie 1969
berteplak Gouda (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, produsinte
jierren aktyf 1996 – no
offisjele webside
www.kimholland.nl

Priveelibben en begjin fan har karriêre

bewurkje seksje

Kim Holland ferlear har mem doe't se fjirtjin wie. Neitiid socht se in stikmannich jierren har heil by de Jehova's Tsjûgen en gie mei harren ek by de doarren lâns om te evangelisearjen. Hja ferliet dy leauwensmienskip lykwols doe't se fia har wurk as tillefoniste by in grutte fersekeringsmaatskippij mei har hjoeddeiske man yn 'e kunde kaam. Se learde minder lichemsskruten en mear iepen te wêzen oer seks, doe't se frijwillichster wurke by de Nederlandse Vereniging voor Seksuele Hervorming (NVSH). Nei't se har earste pornografyske film sjoen hie, besleat se yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich om in karriêre as pornoaktrise te folgjen. Behalven as aktrise wie se yn 'e Nederlânske pornoyndustry ek al gau as produsinte wurksum. Oant hjoed de dei ta begeliedt se dêrby Nederlânske amateur-pornoaktrises en publisearret fideo's mei harren op it ynternet en op dvd.

Op tillefyzje

bewurkje seksje

Kim Holland krige bekendheid by in breder publyk, doe't se yn 2000, mei û.o. Harry Slinger (foarhinne fan 'e band Drukwerk) en motivaasjegoeroe Emile Ratelband, in wike lang yn it Big Brother-hûs ferbleau. Sûnt is hja yn 'e belangstelling bleaun en ferskynt hja geregeldwei op tillefyzje, bgl. yn it praatprogramma fan Robert Jensen. Ein 2005 wiene op 'e stjoerder Talpa twa ôfleverings fan 'e realitysoap Op z'n Hollands te sjen. Der wiene oarspronklik acht ôfleverings plend, maar Talpa fûn de show úteinlik net passen yn syn programmearring. Yn 2006 stjoerde Talpa dochs noch de hiele searje út, sij it yn gekuiste foarm. Yn 2007 begûn Holland mei it programma Een Uurtje Ondeugend, op 'e regionale stjoerder fan Rotterdam, RTTN7; dit programma is ûnderwilens troch de stjoerder beëinige.

Yn 2010 begûn Holland in eigen eroatyske tillefyzjestjoerder, Meiden van Holland. Dêrby spilet sy sels inkeld efter de skermen in rol. Ein 2010 feroarsake Holland wat trelit trochdat se yn it Algemeen Dagblad oankundige om by wize fan publisiteitsstunt foar Meiden van Holland oan 'e jierlikse nijjiersdûk te Skeveningen dielnimme te wollen mei in stikmannich neakene jongfammen. Nei't woarstefabryk Unox, dy't de nijjiersdûk organisearret, lichtsjes protest oantekene hie, besleat Holland der in topless-aksje fan te meitsjen, yn acht nommen dat der ek gesinnen mei lytse bern te ferwachtsjen wiene.

Njonken har wurk as pornoaktrise en -produsinte wie Kim Holland oant septimber 2005 ek eigneresse fan har eigen seksklub, Club Live, yn Skeveningen. Fierdersoan skreau se in hoartsje kollums foar de website FOK! en hat se noch altiten in kollum yn it moanneblêd Foxy. Yn 2004 skreau Holland it boek Sexpower, dat in soarte fan hânlieding foar froulju is om seksueel selsfertrouwen te winnen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.