Kim Stolker
Kim Stolker (De Gordyk, 17 desimber 1987) is in sjongster fan De Gordyk dy't anno 2018 yn Nymwegen wennet. Se kaam yn it nijs doe't se yn 2010 yn de finale stie fan de talintejacht "Popstars" fan SBS 6. Kim Stolker komt út in muzikale húshâlding. Har mem song en makke eigen lietsjes.
As skoalfamke siet se op it Gordykster bernekoar Alles Kids. Se song ferskes yn foar berneprogramma's fan Omrop Fryslân en yn 1999 wûn se de Fryske finale fan it VARA-sjongfestival Kinderen voor Kinderen. Nei de Boargemaster Harmskoalle gie se nei de Havo Sânwâlden op It Hearrenfean. Dêrnei gie se in jier nei de Popakademy yn Ljouwert.
Letter hie se rollen yn musicals The sound of Music en Oliver Twist. Op losse basis song se út en troch by de Opsterlânske rockband Dik in Orde. Wylst se op de Skoalle foar Frijetiidsmanagement yn Ljouwert siet waard Kim yn 2009 benadere troch SBS om mei te dwaan oan Popstars. Der wienen doe noch sa'n 6500 oare dielnimmers. Doe't se yn de finale siet rieden der twa bussen mei supporters nei Hilfertsom en har stamkroech It Fetsje siet grôtfol. Op de dei fan de finale wie se lykwols net by stim meidat se kjeld skipe hie. Se waard mei it nûmer A moment like this twadde achter winner Wesley.
Kim trede op yn coverbandzangers en begûn eigen ferskes te skriuwen. Yn 2016 keas se foar eigen rippertwaar en trede op ûnder de artystenamme Kim Sera. Begjin 2017 nimt se har debút EP op mei in miks fan soul en country.[1]
Diskografy
bewurkje seksje- Boots en Hearts EP [2]
- Ien bakje kofje noch op de cd: Bob Dylan in het Fries In Frysk Earbetoan Oan Bob Dylan, 2010 [3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |