Kinsck fan Ropta
Kinsck fan Ropta, of Kinsck Ropta wie de frou fan Sjoerd Andla fan Weidum dy't yn 1541 tegearre it Tjallingafûns yn Nijtsjerk stiften. Hjoed de dei hjit it plak Westernijtsjerk by Marrum yn de gemeente Ferwerderadiel. Hjir stie in pleats of state dy't yn besit wie fan de Zthalinga’s, it “Zthalinga-goed”. Dêr komt de namme “Tjallinga” wei. Op dizze pleats waarden doe al weesbern opfongen en fersoarge.