Kirkus Reviews

(Trochferwiisd fan Kirkus Prize)

Kirkus Reviews is in Amerikaansk tydskrift dat resinsjes en oare boekbesprekken omfettet fan nije fiksje en non-fiksje foarôfgeande oan 'e eigentlike publikaasje fan dy wurken. It waard yn 1933 oprjochte en ferskynt twa kear yn 'e moanne, omtrint de earste en de fyftjinde deis. Yn totaal resinsearret Kirkus Reviews mear as 7.000 titels yn 't jier.

Kirkus Reviews
algemiene ynformaasje
hist. namme Bulletin
Bulletin from Virginia Kirkus'
   Service

Virginia Kirkus' Service
Kirkus Service
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre literêr tydskrift
frekwinsje 2x yn 'e moanne
bestean 1933 – no
oprjochter Virgina Kirkus
plak haadred. New York (New York)
útjouwer Kirkus Media LLC
ISSN 1948-7428
offisjele webside
kirkusreviews.com

Yn 1926 waard Virginia Kirkus (1893-1980) troch de útjouwerij Harper & Brothers oannommen om in berneboeke-ôfdieling op te setten. Yn 1932 waard dy ôfdieling fanwegen de Grutte Depresje tydlik fuortbesunige, dat dêrom besleat Kirkus doe foar harsels te begjinnen. Yn 1933 rjochte hja har eigen literêre tydskrift op, wêrby't se har talei op it resinsearjen fan boeken.

It blêd hiet Bulletin ("Bulletên"), in namme dy't yn 1955 feroare waard yn Bulletin from Virginia Kirkus' Service. Yn 1964 waard dat ferkoarte ta Virginia Kirkus' Service en yn 1967 fierder ta Kirkus Service, foar't yn 1969 de moderne titel Kirkus Reviews ("Kirkus Resinsjes") oannommen waard.

Yn 't earstoan beävensearre Kirkus dat har drukproeven fan boeken jûn waarden, sadat se dy foarôfgeande oan 'e publikaasje beoardielje koe. Dêrby gie it om in stik as tweintich boeken per edysje fan har tydskrift. Tachtich jier letter ûntfangt Kirkus Reviews wykliks hûnderten eksimplaren fan nije publikaasjes, wêrfan't it likernôch hûndert útkiest om te beskriuwen.

Kirkus waard fan 1933 oant 1954 útjûn troch Kirkus' (Virginia) Bookshop Service, fan 1955 oant 1966 troch Virginia Kirkus' Service en fan 1967 ôf troch Kirkus Service. Yn 1970 waard it blêd oerdien oan 'e New York Review of Books, dy't it letter trochferkocht oan Barbara Bader en Josh Rubins. Yn 1985 kaam it tydskrift yn 'e hannen fan útjouwer James B. Kobak, fan wa't it yn 1993 oankocht waard troch David LeBreton. BPI Communications, in dochterûndernimming fan it Nederlânsk útjouwersconcern VNU, kocht Kirkus Reviews yn 1999 fan LeBreton, mar kundige tsien jier letter, yn 2009 de ein fan 'e bemuoienissen mei it blêd oan. Kirkus waard sadwaande yn 2010 fan VNU (dat tsjin dy tiid syn namme feroare hie yn Nielsen Company) oernommen troch de Amerikaanske sakeman Herbert Simon, dy't de mei it blêd ferbûne útjouwerij omneamde ta Kirkus Media LLC, en Marc Winkelman, in feteraan út 'e útjouwersbrâns, oanstelde as algemien direkteur.

Kirkus Prize

bewurkje seksje

Yn 2014 sette Kirkus Reviews útein mei it takennen fan 'e Kirkus Prize, dat finansjeel ien fan 'e grutste prizen fan 'e wrâld is, mei't der in bedrach fan $50.000 oan ferbûn is. Dizze priis wurdt op jierlikse basis yn trije ûnderskate kategoryen útrikt: fiksje, non-fiksje en jongereinliteratuer.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.