Kjetil Jansrud (Stavanger, 28 augustus 1985) is in earder Noarsk skyer.

Kjetil Jansrud
sporter
Kjetil Jansrud (2011)
Kjetil Jansrud (2011)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kjetil Jansrud
nasjonaliteit   Noarsk
bertedatum 28 augustus 1985
berteplak Stavanger
lingte 1.81 m
gewicht 84 kg
sportive ynformaasje
sport Skyen
ûnderdiel Alpineskyen
O.S. Turyn 2006,
Vancouver 2010,
Sotsji 2014,
Pyeongchang 2018,
Peking 2022
debút 2003
karriêre-ein 2022
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 2014
2x sulver Olympyske Spullen 2010, 2018
2x brûns Olympyske Spullen 2014, 2018
1x goud WK 2019
2x sulver WK 2015, 2017

Jansrud makke syn wrâldbeker debút yn Wengen yn jannewaris 2003. Nei ferskate kearen yn de top tsien einige te wêzen, behelle er syn earste wrâldbeker poadium yn Beaver Creek op de reuzeslalom yn desimber 2010. Jansrud die fiif kear mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 2006, 2010, 2014, 2018 en 2022). Hy waard yn 2014 Olympysk kampioen op de Super-G. En behelle yn 2010 in sulveren medalje op de reuzeslalom en yn 2018 op de ôfdaling. In brûnzen medalje wûn er op de spullen yn 2014 op de ôfdaling en yn 2018 op de super-G. Hy waard ek ien kear wrâldkampioen op de ôfdaling, en wûn yn 2015 in sulveren medalje op de kombinaasje en yn 2017 wûn er it sulver op de super-G.

Nei de spullen fan 2022 hold Jansrud op mei skyen op heech nivo.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:DE
  • Wikipedy:EN