De klút (Recurvirostra avosetta) is in fûgel út de famylje fan de Klútfûgels. De 45 sm grutte fûgel is wer te kennen oan syn swart-wite fearren. Fierder hat er lange swarte skonken en in lange snaffel dy't omheech bûcht.

klút
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje klútfûgels (Recurvirostridae)
skaai kluten (Recurvirostra)
soarte
Recurvirostra avosetta
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Fersprieding

bewurkje seksje

Klúten komme foar oan de kust fan de Noardsee en rúnom Denemark. Ek komme se foar rúnom de Swarte See. Hja oerwinterje meastentiids by de Middellânske See. De Klút is ôfhinklik fan gebieten mei ûndjip brak wetter foar syn iten.

De Klút hat in underskiedende manier fan iten sykje. Se geane nei plakken mei undjip wetter. De klút stekt syn snaffel under wetter en dan makket er meanende bewegings hinne en wer. Se ite meast kreefteftigen en ynsekten.

Fuortplanting

bewurkje seksje

De klút briedt faak yn lytse koloanjes tegearre mei kobben, strânljippen of wytstirnzen. It nest is in beskieden kûltsje oan it strân of yn de kwelder. Beide âlden briede yn sa'n 23-25 dagen de 3-5 aaien út.

 
Aai fan 'e klút.