Klaas Gubbels (Rotterdam, 19 jannewaris 1934) is in Nederlânsk keunstner. It meast bekend is hy mei syn stillibbens fan tafels, stuollen en kofjekannen.

Klaas Gubbels
keunstner
Gubbels mei taffeltsje wêrop in stillibben fan boetsearde kannen (1965)
Gubbels mei taffeltsje wêrop in stillibben fan boetsearde kannen (1965)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Klaas Gubbels
berne 19 jannewaris 1934
berteplak Rotterdam
wurkpaad
wurksum as sûnt 1955
bekendste
  wurk(en)
Kaskade

Klaas Gubbels makke op seisjierrige leeftyd it bombardemint mei op syn bertestêd Rotterdam. Syn jeugd spile him oan de iene kant ôf tusken de útbaarnde of yn folsleine ruïnes feroare huzen fan de binnenstêd, oan de oare kant by syn pake en beppe, dy ’t oan it Balkengat (letter: Balkenstraat) wennen, tichtby in haventsje fan in houtkeaperij oan de Delfshavenske Schie.[1]

Gubbels kaam yn oanrekking mei de byldzjende keunst troch syn heit Kees Gubbels (1894-1974), dy ’t yn de oarloch Keunsthandel De Brug oprjochtte. Yn de jierren fyftich folge Gubbels ferskate opliedings. Sa folge hy fan 1949 oant 1951 oan de technyske skoalle yn Rotterdam in oplieding reklameskilderjen, wêrnei ’t hy wurk fûn op it reklame-atelier fan de Rotterdamske Bijenkorf. Fan 1951 oant 1952 folge hy in jûnskursus oan de Akademy fan Byldzjende Keunsten Rotterdam. As gefolch fan de skieding fan syn âlden gie Gubbels yn febrewaris 1952 nei Arnhim, wêr ’t hy fan 1952 oant 1958 studearre oan de Academie Kunstoefening yn Arnhim. Boppedat folge hy doe jûnslessen yn byldhoukunde. Klaas Gubbels die gjin eineksamen omt er bang wie om te sakjen op it ûnderdiel keunstskiednis. Yn 1955 hie Gubbels tegearre mei Just Sark syn earste eksposysje yn de universiteitsmensa yn Utert, en by boekhannel De Violier yn De Haach. Yn 1965 hied er syn earste bûtenlânske eksposysje, yn Lissabon en Parys. Yn de jierren santich wie Klaas Gubbels leraar oan de Willem de Kooning Akademy yn Rotterdam, tagelyk mei oare skilders en grafisy as Hannes Postma en byldhouwer Kees Franse. Ein 2004/begjin 2005 hie Gubbels in grutte retrospektive tentoanstelling fan syn wurk yn it Museum foar Moderne Keunst Arnhim. Syn tachtichste jierdei waard fierd mei in spesjale tema-tentoanstelling op Paleis Soestdyk (sep-nov 2014).[2] Gubbels wurket yn Arnhim op syn atelier yn it koetshús fan lângoed Lichtenbeek of yn Frankryk yn de Ardèche.[3]

Yn de rin fan de tiid binne de keunstwerken fan Klaas Gubbels hieltiten abstrakter wurden. It liket yn earste ynstânsje wat ienkennich, fanwege it beheinde oantal oan fisuele tema's. Mar dat is ek krekt wer de krêft en sjarme fan syn keunstwurken, neffens guon. Dêrneist brûkt Gubbels foar dizze ûnderwerpen in soad techniken en materialen, lykas fotografy, lito, houtfyk, muorreskildering, kollaazje, objet trouvé, glês en metaal. Syn wurk hat reitsflakken mei keunstwurken fan keunstners as Giorgio Morandi en Amedeo Modigliani en liket er beynfloede troch Marcel Duchamp, Man Ray en George Segal.
Syn wurk is fertsjintwurdige yn ferskate grutte Nederlânske musea en bedriuwskolleksjes as Ahold, Akzo en TNT.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsjes
  1. Monografy fan Klaas Gubbels, in rige op inisjatyf fan it Prins Bernhard Kultuerfûns ISBN 90 400 9921 9
  2. Gubbels yn Oranje ISBN 978-90-6216-986-3
  3. aan mijn grote vriend Georg Baselitz, tentoanstellingskatalogus Galery Willy Schoots 2011