Kaskade
Kaskade is in keunstwurk fan Klaas Gubbels by it parkearplak oan de Sinnebuorren op it foarterrein fan Museum De Jouwer.
Kaskade | ||
keunstwurk | ||
bysûnderheden | ||
jier | 2020 | |
keunstner | Klaas Gubbels | |
materiaal | waarfêst stiel | |
hichte | 6 meter | |
plak | De Jouwer | |
lokaasje | Sinnebuorren; by Museum De Jouwer; |
Klaas Gubbels brûkt faak deiske foarwerpen lykas kofje- en teepotten as motyf foar syn objekten. In kaskade (Latyn: cascare, falle) is in wetterfal dy’t bestiet út in treppen fan wetterfaltsjes. De term kaskade wurdt ek brûkt foar in rige opienfolgjende ferskynsels. Kaskade bestiet út grutte steapele kofjekannen fan read waarfêst stiel. De kannen binne in ferwizing nei de kofje fan Douwe Egberts, de grûnlizzer fan it kofje- tee- en tabakfabryk op De Jouwer.[1]
Nei oanlieding fan de komst fan it byld waard in tentoanstelling hâlden yn museum De Jouwer.[2] It Jouster museum hat in soad kofjekannen en oare deiske foarwerpen yn de kolleksje.
Kaskade stie foarhinne yn Amsterdam en wie dêr ûnderdiel fan de keunstrûte Art Zuid. Keunstsamler Thom Mercuur, dy’t it byld seach op ArtZuid 2015 yn Amsterdam, naam inisjatyf om it byld nei De Jouwer te heljen.[3] Mercuur wie ek inisjatyfnimmer foar Museum Belvédère yn It Oranjewâld. Troch crowdfunding fan de stichting Jouster Kofjepot koe it byld nei De Jouwer komme. [4] It keunstwurk waard op 19 septimber 2020 ûntbleate troch John Brands, fan Jacobs Douwe Egberts yn it bywêzen fan de keunstner. It byld waard pleatst troch Koninklijke Saan dy’t yn Nederlân mear keunstwurken delset, lykas foar it Ryksmuseum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|