Klagenfurt am Wörthersee
Klagenfurt am Wörthersee (Beiersk: Klångfurt; Sloveensk: Celovec), yn 'e regel koartwei Klagenfurt neamd, is de haadstêd fan de Eastenrykske dielsteat Karinsje. De gemeente hat de status fan Statutarstadt en leit yn it suden fan it lân, eastlik fan de Wörthersee. De stêd hat yn lytse ynternasjonale lofthaven en in universiteit. Yn de domtsjerke stiet de sit fan it bisdom Gurk-Klagenfurt.
Klagenfurt am Wörthersee | |
---|---|
Lokaasje Klagenfurt yn Eastenryk | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Eastenryk |
Dielsteat | Karinsje |
Sifers | |
Ynwennertal | 101.300 (1 jan. 2020) |
Oerflak | 120,12 km² |
Hichte | 446 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.klagenfurt.at |
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens de leginde soe it plak fan de stêd eartiids in sompich gebiet west ha, dêr't in draak omhuze. Om fan it bist ôf te kommen die de foarst it ûnthjit it gebiet te jaan oan dyjinge, dy't de draak deadzje soe. In tal manlju wisten de draak út syn territoarium te lokjen en it bist ôf te slachtsjen. De sompen waarden dêrnei droechlein en sa ûnstie de delsetting Glanfurt. Ta oantinken fan it ferhaal stiet op it Neue Platz de saneamde Lindwurmbrunnen út 1593.
De stêd tanket de namme oan in furde yn it rivierke de Glan. In earste fermedling fan Forum Chlagenvurth datearret fan 1193. Yn 1246 waard de oarspronklike delsetting opjûn en troch de hartoch Bernhard von Spanheim op in droeger plak op 'e nij stifte. Yn 1252 krige Klagenfurt stedsrjochten. It sintrum fan dat Klagenfurt leit om it Alter Platz hinne.
Yn de folgjende iuwen hie Klagenfurt te lijen fan brannen, ierdskoddings, ynfaazjes fan sprinkhoannen, oanfallen fan de Ottomanen en folksopstannen fan de boeren. Yn 1514 baarnde de stêd hast hielendal ôf. Keizer Maksimiliaan wie net by machte de stêd wer op te bouwen en droech tsjin it sin fan de befolking de stêd oer oan de steaten. Nea earder hie dat plak fûn, mar de nije eigners soargen foar in ekonomyske renêssânse fan de stêd. Der waard it fjouwer kilometer lange Lendkanaal groeven om it sintrum fan de stêd mei de Wörthersee te ferbinen, sadat guod oer it wetter oanfierd wurde koe en de stêd tenei genôch wetter hie om brannen te dwêsten. De stêd ûndergyng ek in werynrjochting en de strjitten om it nije sintrum (Neuer Platz) waarden yn in skaakboerdpatroan op 'e nij oanlein. Yn dy tiid waarden wichtige bouwurken, lykas it Lânhûs (1574) en de protestantske tsjerke (de hjoeddeiske katolike) domtsjerke), boud. Tsjin it ein fan de 16e iuw wie Klagenfurt de modernste en sterkste fêstingstêd fan de omkriten.
Yn de rin fan de twadde helte fan de 16e iuw hie in grut part fan de befolking en hast alle Karintyske adel harren oansletten by de lutherske reformaasje. Sûnt de jierren 1570 wie Klagenfurt in protestantske stêd en de nije lear waard ferkundige yn de Sint-Egidiustsjerke, de Hillige Geasttsjerke en yn de nije Trijefâldichheidstsjerke (de lettere domtsjerke) waarden as protestantsk gebouwen iepene. De Habsburgers seagen it ynearsten allegear oan, mar nei 1595 fierde it Hûs tegearre mei de Roomsk-Katolike Tsjerke in krêftige kontrareformaasje troch. De minsken krigen de kar: werom te kearen nei it katolisisme of it lân te ferlitten. Protestantske boeken waarden ferbaarnd en de tsjerken fan de nije lear sletten. De nije Trijefâldichheidstsjerke, sletten yn novimber 1600, waard oan de jezuïeten oerdroegen, dy't de tsjerke yn 1604 op 'e nij iepenen en wijden oan Petrus en Paulus. Yn de rin fan de kontrareformaasje waarden ek oare oarders nei de stêd helle om foar te jaan oan de religieuze en kulturele ûntwikkeling. Nije tsjerken en kleasters (de Marijetsjerke mei it Fransiskaanske kleaster yn 1617, de Kapusinertsjerke mei it kleaster yn 1646) waarden boud en oare tsjerke op 'e nij ferboud. Klagenfurt waard wer katolyk en yn 1787 waard de stêd ek biskopsstêd.
Tusken 1797 en 1809 folge in besetting troch de Frânsen, dy't by de ôftocht de fersterkings ôfbrieken. De eastlike poarte bleau lykwols stean, mar moast yn 1867 dochs plak meitsje foar it ferkear. Fan de wâlen en stedsgrêft is mar in lyts oerbliuwsel bewarre bleaun.
It tiidrek fan ekonomyske delgong feroare yn it revolúsjejier 1848, mei't Karinsje doe op 'e nij in selsstannich kroanlân waard mei en Klagenfurt dêrfan de haadstêd. Foar it earste waard sûnt 300 jier de stêd wer útwreide. Yn 1863 waard de stêd oansletten op it spoar.
De Earste Wrâldkriich ûnderbriek de ekonomyske wolfeart fan de stêd. Nei't ek Itaalje yn 1915 oan de oarloch dielnaam lei Klagenfurt net fuort oan it front fan de berchkriich, de stêd waard sparre foar gefjochten, mar waard wol oerspield mei weromlûkendee soldaten. De stêd ferlear 2214 soldaten yn de striid. Doe't de Earste Wrâldkriich foarby wie makke it nije Keninkryk Joegoslaavje ûnder oanfjurren fan de Sloveenske befolking oanspraken op dielen fan de Súd-Karinsje. Troepen foelen yn 1919 Karinsje binnen en besetten Klagenfurt op 6 juny 1919. Nei't ûnder de ynwenners in referindum ôfkundige waard oer de takomst fan it bekreauwe gebiet, twong de Fredeskonferinsje fan Parys (1919) de troepen wer nei hûs. It folk keas op 10 oktober 1920 mei oerstjûging foar Karinsje en de Republyk Eastenryk. De ,
Nei de Anschluss waard Klagenfurt op 1 maart 1939 haadstêd fan it reichsgau Karinsje. It Neue Platz waard it Adolf Hitler-platz en tal fan oare strjitten en pleinen krigen nije nammen fan nazy-lieders. De lytse joadske gemeente fan sa'n 250 minsken waard hast folslein fuortfage. Likernôch in fyfte diel fan de mienskip waard fermoarde, de measte joaden emigrearren en nei de Twadde Wrâldkriich telde Klagenfurt noch mar njoggen joaden. De bombardeminten fan 1943 1944 en 1945 op Klagenfurt hiene yn de Twadde Wrâldkriich 60% fan de hûzen fan de stêd ferneatige en 510 minsken deade, 1.665 Klagenfurters ferstoaren as soldaat yn de Twadde Wrâldkriich.
Op 8 maaie 1945 namen Britske troepen in pear oeren foar de ienheden fan de Joegoslavyske striidkrêften en partizenanen de stêd yn. De kommunistyske lieding fan Joegoslaavje makke mei help fan de Sovjet-Uny op 'e nij oanspraken op Klagenfurt en stikken fan Karinsje, mar stjitten dêrby op ferset fan de Britten. Klagenfurt bleau oant 1955 yn de Britske besettingssône lizzen.
By de gemeentlike weryndieling fan 1973 waard Klagenfurt as gemeente útwreide mei fjouwer grutte oanbuorjende gemeentes en dielen fan oare gemeentes. Dêrmei waard it grûngebiet fan de gemeente Klagenfurt twaris sa grut.
Op 3 july 2007 naam de gemeenteried it beslút om mei yngong fan 1 febrewaris 2008 de namme fan de stêd te feroarjen yn "Klagenfurt am Wörthersee". Tsjinstânners fan it beslút fûnen dat Klagenfurt pas sûnt it begjin fan de 20e iuw oan de mar kaam te lizzen en dat de stêd kultuerhistoarysk fierder net in soad mei de mar dielt.
Befolking
bewurkje seksjeOm 1400 hinne telde Klagenfurt mar sa'n 3.000 ynwenners. Healwei de 18e iuw wiene it likernôch 7.500 en yn it jier 1820 waard de grins fan 10.000 helle. By de folkstelling fan 1869 wie de stêd fierder groeid ta 15.000 ynwenners. Yn de 20e iuw soargen de weryndielings fan 1938 en 1973 foar in foarse taname fan it ynwennertal. Klagenfurt hat tradisjoneel in lytse Sloveenske mienskip. Yn 1880 foarmen de Slovenen 3,4% fan de befolking, yn 1910 wie dat 6,1 %, mar by de folkstelling yn 2001 noch mar 1,9 %, wylst de Kroatyske minderheid doe 3,3% fan de befolking útmakke. Yn 2019 wie likernôch 10% fan de ynwenners fan Klagenfurt net fan Eastenrykske komôf. In tredde dêrfan (32,8%) wiene boargers fan de Europeeske Uny.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeJier | 1869 | 1890 | 1910 | 1934 | 1951 | 1961 | 1971 | 1981 | 1991 | 2001 | 2011 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 23.302 | 29.511 | 45.161 | 53.000 | 68.187 | 75.684 | 82.840 | 87.321 | 89.415 | 90.141 | 94.483 | 101.300 |
Religy
bewurkje seksjeTwatredde fan de befolking neamde him of har yn 2001 roomsk; 7,8% protestantsk, 3,0 % islamitysk en 1,5 % otterdoks. Fan de eardere joadske gemeente (1934: 269 leden; 1951 9 en 1968 15) tsjûget it lytse begraafplak yn St. Ruprecht yn it súdeasten fan de stêd en in plakette yn de Platzgasse op de lokaasje dêr't de yn 1938 ferneatige synagoge stien hat. De joaden fan Klagenfurt hearre tsjintwurdich by de joadske gemeente fan Graz. 16,1 % fan de befolking joech gjin religy op.
Musea
bewurkje seksjeIt besjen wurdich
bewurkje seksje- It histoaryske hert fan de stêd wurdt foarme troch it Alter Platz mei syn 15e-iuwske histoaryske bebouwing.
- It Landhaus yn de styl fan de Dútske renêssânse waard yn 1574 boud op it plak dêr't yn 1535 de âlde boarch ôfbaarnde. It gebou funksjonearret ek tsjintwurdich as de bestjoerssit fan Karinsje.
- Op it Neue Platz stiet de Lindwurmbrunnen út 1593 mei in byld fan Herkules út 1633.
- De barokke Petrus- en Paulusdom waard yn de tiid fan de reformaasje boud. Nei in skoftke as protestantske tsjerke tsjinne te hawwen waard de tsjerke nei 1600 oerdroegen oan de jezuïeten. Sûnt 1787 is de tsjerke de katedraal fan it bisdom Gurk.
- Oan de súdlike râne fan de stêd stiet it Stift Viktring. De oarspronklik sistersjinzerske kleastertsjerke besit noch ramen út 1400.
- It Fuotbalstadion Hypo-Arena waard yn it ramt fan Europeesk kampioenskip fuotbal 2008 boud en hat in kapasiteit fan 32.000 besikers
- Miniatuerpark Minimundus oan de Wörthersee is in 26.000 m² grut park mei bouwurken út de hiele wrâld op in skaal fan 1:25.
- De Kreuzlberg mei de Kreuzberglkirche en in krúswei, in botanyske tún en in útsjochtoer is in rekreaasjepark dat tichteby it sintrum leit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|