Klapreed
De Klapreed is in type reed dat brûkt wurdt by it langebaanreedriden. By gewoane redens (noaren) is it izer op twa punten (foar en efter) fêstsetten oan de skoech, by de klapreed by mar ien, oan de noas. Dizze iene befêstiging bestiet út in fear sadat it izer 'klappe' kin en sadwaande langer kontakt mei it iis hâldt.
Utfining
bewurkje seksjeDe klapreed waard yn 1984 útfûn troch Gerrit Jan van Ingen Schenau, yn de Fakulteit foar Bewegingswittenskippen fan de Frije Universiteit fan Amsterdam. It orizjinele idee fan klapredens is lykwols folle âlder, der binne ûntwerpen bekend fan om it jier 1900 hinne.
De redens waarden pas yn 1996 echt yn gebrûk nommen troch it Nederlânske frouljusteam. Foar dy tiid waard der benammen lakerich oer dien. Doe't Tonny de Jong hjir daliks baat by hie, folge de bûtenlânske konkurrinsje lykwols hurd. By de Olympyske Winterspullen fan 1998 yn Nagano rieden alle riders al op klapredens. In rein fan wrâldrekords folge; mannich rekord waard mei meardere sekonden oanskerpe.
It riden op de klapredens ferget wol in oare manier fan riden. De oerstap foel de iene toprider swierder as de oare en hie as resultaat dat ferskeidene topsporters opholden mei reedriden. Net altyd foargoed, trouwens. Sa slagge it de Nederlânske sprinter Gerard van Velde om, nei wat oefenjen, de technyk dochs yn 'e macht te krijen en waard wer in faktor fan betsjutting binnen de wrâldtop.
It foardiel fan klapredens
bewurkje seksjeIt grutte foardiel fan de klapreed sit him yn it hefboomeffekt. By de klapreed leit it knierpunt fan de foet op it knier fan de reed (ûnder de foarfoet, it 'natuerlike' knierpunt). By in gewoane reed leit it knierpunt op de punt fan it izer. Dat punt leit eins te fier nei foaren om as in goede hefboom wurkje te kinnen. It wurdt dan tige swier om 'e foet oer dat punt hinne tille te kinnen. By de klapreed leit dat punt dus op in effisjinter plak, hjirtroch is eltse klap 'raker'.