Nagano (長野市, Nagano-shi) is de haadstêd fan de lykneamige prefektuer Nagano op it Japanske eilân Honshu. De stêd hat in oerflak fan 730,83 km² en hie yn 2007 likernôch 378.000 ynwenners.

Nagano. 長野市, Nagano-shi
De lizzing fan Nagano
De lizzing fan Nagano
Bestjoer
Lân Japan
Boargemaster Shoichi Washizawa
Sifers
Ynwennertal 377.823 (2008)
Oerflak 730,83 km²
Befolkingsticht. 517/km²
Oar
Postkoade 〒380-8512
Offisjele webside
Nagano-shi
 
Nagano

Yn 1847 stjerden hast 10.000 minsken doe't op 8 maaie de 'Zebji-ji ierdbeving' de stêd en omlizzende gebieten trof. Nagano waard in Japanske gemeente op 1 april 1897. Yn 1949 waard de universiteit fan Nagano oprjochte. By de gemeentlike weryndieling fan 16 oktober 1966 groeide Nagano troch gearfoegjen mei sân omlizzende gemeenten.

Yn Nagano waarden de Olympyske Winterspullen fan 1998 en de Paralympyske Winterspullen fan 1998 hâlden. Dat levere ûnder mear de M-Wave op, in moderne reedrydbaan.

Yn 1999 waard Nagano in kearnstêd en waarden de eardere stêd Toyono, de doarpen Togakushi en Ooka en it distrikt Kinasa Kamiminochi troch Nagano absorbearre.

Yn 2005 wie Nagano gasthear foar de Spesjale Olympyske Winterspullen.

Op 1 jannewaris 2010 waarden de gemeenten Shinshūshin en Nakajō (distrikt Kamiminochi) oanhechte by de stêd. [1]

 
Flagge fan Nagano

Nagano leit oan de Hokuriku shinkansen fan de East Japan Railway Company nei Takasaki en Tokyo. Nagano leit fierder oan de Shinano-line, de ienige line fan it lykneamige spoarbedriuw, en oan de Shinonoi-line, de Shin'etsu haadline, de Iiyama-line en de Chūō haadline fan de East Japan Railway Company.

Binnen de stêd en de rânestêden rydt de Nagano tram en der ride bussen fan 'Kawanaka-jima Bus en Nagano Dentetsu Bus Co. De lofthaven dy't it tichtstby is, leit by Matsumoto en is ferbûn mei Nagano fia in spesjale busline dy't der 70 minuten oer docht.

De wichtichste yndustrytakken yn Nagano binne side-yndustry, masinebou en houtbewurking.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Zenkō-ji
 
Kastiel Takashima

De Boedistyske tempel Zenkō-ji hat in haadhal dy't ien fan de grutste houten gebouwen yn Japan is. Yn de tempel stiet in brûnzen Boedabyld dat ien fan de âldste fan Japan is. Yn de regio rûn Nagano libbet de Japanske makaak. Fral yn it Jigokudani apenpark wurde dy faak oantroffen as dy baaie yn de baden.

De histoaryske lokaasje fan de slagen fan Kawanakaijma (1553, 1555, 1557, 1561 en 1564) tusken Takeda Shingen en Uesugi Kenshin is bewarre bleaun as in park mei in gemeentlik museum oer de skiednis fan dy regio.

Matsushiro, de eardere kastielstêd fan de Sanada-clan, leit yn it súdlik part fan Nagano. De histoaryske sfear wurdt dêr bewarre troch de ynstânhâlding fan wenten fan de Samûray, tempels en tunen út de feodale perioade, wêrûnder de restanten fan it kastiel en it lânhûs foar de lânhear Sanada Jumangoku.

Inkele sportfasiliteiten fan de Olympyske Winterspullen binne ek út architektonysk stânpunt wei ynteressant: de reedrydbaan M-Wave en de Big Hat (ビッグハット, Biggu Hatto) iishokkyhal. Yn it noardeasten fan Nagano leit it grutste Japanske skyresort Shiga Kogen.

Besuden fan it stedssintrum lizze de Nagano Chausuyama bistetún, in iepenloft dinosauruspark, in botanyske tún en in natoermuseum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Japan Geographic Data Center: Fúzjes yn de prefektuer Nagano sjoen op 1 jannewaris 2010

Keppeling om utens

bewurkje seksje