Klaus Schelde († 1402 yn Hamburg) wie in lieder fan de Likedielers, in feriening fan eartiidske Fiktaaljebruorren.

Mei Klaas Stoartbeker, Gödeke Michels en Magister Wigbold, ek oanfierders fan de Likedielers, makke hy ein 14e iuw de Noard- en Eastsee ûnfeilich. Se hienen snelle skippen, dy't skippen fan de Hânze foarsjoen hienen. Scheld wurdt foar it earst neamd yn in oanklacht út 1405, dêr't mei elkoar 36 „Skeagefallen“ troch piraten neamd wurde tusken de jierren 1393 en 1405.

De measte fan dy oanklachten barden foar it ferdriuwen fan de Fiktaaljebruorren út Gotland yn it jier 1398 en gie oer de skea by oerfallen fan de seerôvers op Ingelske skippen of skippen mei Ingelske lading yn de Eeastsee en foar de kusten fan Denemark en Noarwegen. Yn totaal wurdt Klaus Stoartbeker yn de oanklacht fiif kear neamd mei Gödeke Michels en Klaus Scheld en njoggen kear allinnich mei Michels as oanfierder fan de boekaniers.

Schelde waard grif yn 1402 mei syn kammeraten op de Grasbrook yn Hamburg ûnthalze, tagelyk of koart nei Stoartebeker. Histoarysk bewiis dêrfoar is der lykwols net.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Die Ereignisse von 1400/1401/1402 in den Quellen, yn: EHBRECHT, Wilfried: Störtebeker : 600 Jahre nach seinem Tod. Porta-Alba-Verlag, Trier 2005, ISBN 3-933701-14-7, side 37 - 38.