Kleaster Bursfelde

It Kleaster Bursfelde (Dútsk: Kloster Bursfelde) is in earder benediktynsk kleaster yn Bursfelde, in stedsdiel fan 'e gemeente Hannoversch Münden yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen.

Kleaster Bursfelde

Kloster Bursfelde

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
lânkring Göttingen
plak Hann. Münden-Bursfelde
adres Klosterhof
koördinaten 51° 32' N 9° 37' E
Kleastergegevens
oarde Benediktinen
oprjochting 1093
opheffing 1648
Ynformaasje bou
boustyl Kleastertsjerke: romaansk
monumintale status Boudenkmal
Webside
Side Kleaster Bursfelde
Kaart
Kleaster Bursfelde (Nedersaksen)
Kleaster Bursfelde

Neffens ûndersyk soe de namme te meitsjen ha mei it plak fan 'e delsetting en safolle betsjutte as "in yn in hoeke lizzend fjild".

It kleaster waard yn 1093 as benediktynske abdij troch greve Hindrik de Fette stifte. Hy ornearre it kleaster as grêfplak foar de Northeimers. It wie in famyljeklaster en de muontsen, dy't ôfkomstich wiene út it oanbuorjende kleaster Corvey hiene û.o. as taak om alle dagen yn 'e missen foar it sieleheil foar de Northeimers te bidden. Fierder holden de muontsen harren mear as mei lânbou en ambachten fral mei wittenskip en ûnderwiis dwaande.

 
De romaanske kleastertsjerk fanút it noardeasten.

It kleaster leit op it plak dêr't de Nieme yn 'e Wezer mûnet. Hindrik's heit Otto fan Northeim hie in tichtebylizzend kastiel bouwe litten, de Bramburg, dy't it kleaster beskermje moast. De stifter fan it kleaster waard yn 1101 troch Friezen deade en op 10 april yn 'e lettere tsjerke begroeven. Syn frou Gertrudis stifte wat letter in nonnekleaster yn Breunswyk, dat ynearsten oan Marije en letter oan Egidius wijd wie. Hindrik's dochter Richenza, de frou fan keizer Lotharius III, liet nei 1135 it lange eastlike koer bouwe. Nei't in pakesizzer fan Hindrik yn 1144 sûnder neiteam ferstoar gyng it besit fan it kleaster op Hindrik de Liuw, dy't syn rjochten op it kleaster mei in ferfalske stiftingsoarkonde wist te befêstigjen.

Fan 1150 oant 1430 is der net in soad oer it kleaster bekend, itjinge in oanwizing is dat it de betsjutting fan it kleaster net bjuster grut wie. Yn 'e 15e iuw wie it in sintrum fan 'e kleasterherfoarming (de Bursfeld Kongregaasje).

Doe't de ta it protestantisme bekearde hartoginne Elisabeth fan Calenberg-Göttingen nei it ferstjerren fan har man Erik I fan Breunswyk-Calenberg-Göttingen Erik I it regear fan har noch 12-jierrige soan Erik II oernaam, fierde hja it protestantisme yn it foarstendom yn. Tegearre mei de lutherske superyntindint liet hja alle tsjerken en kleasters kontrolearje op 'e ferbouwing dêrfan neffens de protestantske tsjerkeoarder. Datselde barde ek yn Bursfelde. Erik II bekearde him lykwols as foarst yn 1547 ta it katolisisme en fierde it katolisisme wer yn. Nei de dea fan Erik II foel it hartochdom Calenberg-Göttingen yn hannen fan hartoch Julius fan Breunswyk-Wolfenbüttel, yn 'e 16e iuw ien fan 'e wichtichste protestantske foarsten fan Nedersaksen en sa waard ek Bursfelde dochs wer protestantsk. De abt Jehannes Pumme waard twongen it katolisisme ôf te swarren en mei de Frede fan Westfalen (1648) waard it kleaster definityf protestantsk.

It kleaster waard ûnderbrocht by de yn 'e 16e iuw stifte foarrinner fan 'e hjoeddeiske Klosterkammer Hannover yn Hannover, hjoed-de-dei in autoriteit fan it Ministearje fan Wittenskip en Kultuer fan Nedersaksen, dy't it behear hat oer eardere tsjerklike eigendommen en tsjerken en kleasters ûnderhâldt. It kleaster hat noch jimmeroan in abt, mar oars as yn 'e tradisjonele betsjutting wurdt dy takend oan in heechlearaar fan 'e teologyske fakulteit fan 'e Universiteit fan Göttingen.

Kleastertsjerke

bewurkje seksje

Fan it oarspronklike kleaster is de yn 'e rin fan 'e tiid ferboude romaanske tsjerke bewarre bleaun. De tsjerke is it hiele jier fan 08:00 oant 18:00 oere iepen (2021) en wurdt ek brûkt troch in lytse protestantske mienskip. Sûnt de jierren 1970 fynt yn 'e eastlike tsjerke om 18:00 oere in jûnsgebed plak. Dêrnjonken wurdt der alle earste sneinen fan 'e moanne om 11:00 oere it nachtmiel fierd.

 
Fresko's yn de westlike tsjerke.

Yn it westlike diel fan it gebou wurde sûnt 1971 de Bursfeld-konserten organisearre. Tradisjoneel wurdt der mei Himelfeartsdei in tsjerketsjinst foar de universiteit en in lêzing holden, dy't oanslút by de benediktynske tradysje fan gebed en stúdzje. Yn 'e regel wurdt de lêzing fersoarge troch in professor út Göttingen út syn net-teologyske ûndersyksgebiet. De lêzings wurde sûnt 1982 troch Verlag Göttinger Tageblatt publisearre as ûnderdiel fan 'e searje "Bursfeld University Speeches".

Ut 'e tiid dat Bursfelde noch in katolyk kleaster wie binne 15e-iuwske fresko's yn de tsjerke bewarre.

Yn 'e toer hinget ien fan de klokken út de dom fan Keningsberch. De klok waard yn 1952 op it Hamburger klokketsjerkhôf fûn en doe nei Bursfelde brocht. De yn 1470 yn Danzig getten klok draacht it opskrift D ET Joh An Do MCCCCLXX G da / Jochim GryTTE.

Doe't it kleaster yn 1993 it 900-jierich bestean fierde joech de Deutsche Bundespost in spesjale postsegel út mei in ôfbyld fan 'e kleastertsjerken fan Bursfelde en Maria Laach. Ek it Maria-Laachkleaster waard yn 1093 stifte en is sûnt de reformaasje nau ferbûn mei it Bursfelde-kleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.