Kleaster Strahov
De Keninklike Kanony fan de Premonstratinzers fan Strahov (Tsjechysk: Královská kanonie premonstrátů na Strahově) is in abdij fan de premonstratinzers yn it Praachske stedsdiel Hradčany yn Tsjechje.
Kleaster fan Strahov
Strahovský klášter | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Tsjechje | |
plak | Praach | |
adres | Strahovské nádvoři | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | 12e iuw | |
boustyl | Barok | |
offisjele webside | ||
strahovskyklaster |
Skiednis
bewurkje seksjeDe abdij giet werom op in 12e-iuwske kleasterstifting op de heuvel Strahov fan de biskop Jindřich Zdík, biskop fan Olomouc, en hartoch Vladislav II. De lokaasje lei doedestiids geunstich oan de hannelswei, dy't de stêden Krakau en Neurenberch meiïnoar ferbûn, en waard bekend ûnder de namme Berch fan Sion. De earste bewenners fan it kleaster, it âldste kleaster fan de oarder yn Bohemen, wiene premonstratinzerske koarhearen út it kleaster Steinfeld yn de Eifel. Hja bouden in kleastertsjerke en wen- en wurkferbliuwen en harren earste abt wie Gero, in koarhear út Keulen. Fanút it Strahovkleaster waard yn 1193 it kleaster fan Tepla stifte.
Nei in grutte brân yn 1258 waard it kleasterkompleks yn in pear jier tiid wer opboud. Fierdere skea folge yn de 15e iuw troch de Hussitekrigen, de Tritichjierrige Kriich en de Eastenrykske Súksesjekriich fan 1741.
Kleastertsjerke
bewurkje seksjeNei de brân fan 1258 waard de trijeskippige romaanske Marije-Himelfearttsjerke (Kostel Nanebevzeti Panny Marie) ferboud en fan in iergoatysk ferwulft, in dwersskip en twa sydkapellen foarsjoen. Under de lettere aartsbiskop fan Praach en doedestiidske abt Jan Lohelius waard de tsjerke yn renêssânsestyl ferboud en krige de tsjerke twa tuorren. Yn de Tritichjierrige Kriich waarden de reliken fan de stifter fan de oarder, Norbertus fan Gennep, fan Magdeburg nei Strahov oerbrocht en byset yn it noardlike sydskip.
Wallenstein liet yn Strahov yn 1632 syn by de Slach by Lützen ferwûne generaal Pappenheim begrave. Syn epitaaf is yn ien fan de sydkapellen te sjen. Oan it ein fan de 17e iuw folge in barokke ferbouwing neffens ûntwerpen fan Jean Baptiste Mathey.
By it belis yn de Eastenrykske Súksesjekriich waard de kleastertsjerke troch besjittings slim skeind en it hjoeddeiske oansjen fan de tsjerke is it resultaat fan de renovaasje dêrnei.
Ynrjochting
bewurkje seksjeIgnaz Palliardi ferdielde troch stúk-kartûsjen it ferwulft yn 1743 yn fjirtich fjilden, dy't troch Ignác Raab en Josef Kramolín mei foarstellings út it libben fan de Jongfaam Marije beskildere waarden. De fresko's yn de tsjerke binne makke troch Georg Wilhelm Neunherz, it byldhouwurk fan de sydalters is fan Johann Anton Quittainer. It haadalter waard boud troch Ignaz Franz Platzer en Josef Lauermann, de skilderijen fan de alters binne skildere troch Johann Christoph Lischka en Michael Willmann.
De bychtstuollen yn de sydskippen binne út 1768 en boud troch Šimon Truska. De kleurrike art nouveau krúswei is út 1910. De banken fan it sintrale en noardlike skip stamme út 1706 en binne snien troch Melichar Elglass.
De tsjerke waard yn 1991 troch paus Jehannes Paulus II de status fan basilica minor ferliend.
Rochustsjerke
bewurkje seksjeUnder abt Jan Lohelius joech keizer Rudolf II opdracht om de oan de pesthillige Rochus wijde tsjerke te bouwen. De bou fûn plak yn de jierren 1603-1612 út tankberens foar it yn 1599 sparjen fan de stêd foar de pest. De tsjerke tsjinne oant 1784 as parochytsjerke fan Strahov en waard yn de 20e iuw ferboud om tentoanstellings te hâlden.
Bibleteek
bewurkje seksjeEartiids wie de hiele bibleteek yn de saneamde Teologyske Seal ûnderbrocht. Sûnt 1790 wurde dêr allinne de teologyske wurken bewarre. De bou derfan fûn tusken 1671 en 1679 plak neffens it ûntwerp fan Giovanni Domenico Orsi de Orsini. Yn 1721 waard de seal nochris fergrutte en de freskos fan Franz Siard Nosecký waarden yn 1723 oant 1727 oanbrocht.
De wichtichste skat fan de bibleteek fan Strahov is it Evangeliarium fan Strahov, in hânskrift út de 9e/10e iuw dat oarspronklik út Steinfeld komt.
De Filosofyske Seal waard yn de jierren 1783–1790 neffens de plannen fan Ignaz Johann Palliardi boud. De seal wie ornearre foar de samling fan it sekularisearre kleaster Louka (Loucký klášter) by Znaim. It plafondfresko is fan Franz Anton Maulbertsch en stamt út 1794. De geveldekoraasje is fan Ignaz Michael Platzer, in soan fan Ignaz Franz Platzer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Strahov
|