Kleaster Tegher (Armeensk: Տեղեր of Տեղերի Վանք; Tegheri Vank) is in ier 13e-iuwsk Armeensk kleaster op 'e súdeastlike hellings fan 'e 4.090 meter hege fulkaan Aragats by it doarp Tegher yn 'e Armeenske provinsje Aragatsotn.

Tegheri Vank
Տեղերի Վանք
Lokaasje
lân Armeenje
Provinsje Aragatsotn
plak by it tsjintwurdige doarp Tegher
koördinaten 40°20'N, 44°14'E
Ynformaasje bou
arsjitekt Vardapet Aghbajrik
boujier 13e iuw
Kaart
Kleaster Tegher (Armeenje)
Kleaster Tegher

It op sa'n 1700 meter hichte lizzende kleaster bleau yn 'e tiid doe't it lân pleage waard troch ynfallen fan 'e Mongoalen sûnder skea.

Ynterieur.

Tegher waard foar de frou fan prins Vatsje boud, dy't it distrikt Aragatsotn fan 'e bruorren Zakarjan oernaam. It kleaster waard neffens it ûntwerp fan Vardapet Aghbajrik boud, deselde arsjitekt fan 'e kleasters Saghmosavank en Hovhannavank. It kleaster bestiet út de tsjerke Soerp Astvatsatsin (1213; "Tsjerke fan 'e Hillige Mem Gods") en in oangrinzgjende gavit (de Armeenske narteks), dy't yn 1221 foltôge waard.

Sûnt 1467 omklammet in, yn ús tiid foar in part bewarre, ferdigeningsmuorre mei rûne tuorren it kleastergebiet.

Fan it 9e-iuwske doarp Tegher (Ald Tegher) lizze op kuierôfstân fan it kleaster de ruïnes. Fûneminten fan in soad gebouwen binne noch oanwêzich, wêrûnder de resten fan in 5e-iuwske kapel. Tichteby leit ek it midsiuwske tsjerkhôf, dat oant de 19e iuw brûkt waard, mei in tal mausolea en chatsjkar's (krússtiennen).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: