Kliffen fan Moher
De Kliffen fan Moher (Ingelsk: Cliffs of Moher, Iersk: Aillte an Mhothair) binne in acht kilometer lange rige kliffen yn Ierlân. De kliffen lizze tusken de doarpkes Doolin en Liscannor oan de westkust fan it lân, yn it greefskip Clare. Dizze kliffen foarmje ien fan de heechste klifkusten fan Jeropa. Yn it easten gean de kliffen oer yn de Burren.
By Hag's Head komme de kliffen likernôch 120 meter boppe de Atlantyske Oseaan út. Hjir stiet ek de Moher Toer, dy't boud waard yn de Napoleonistyske tiid. By O'Briens Toer leit it heechste punt fan 230 meter. De O'Briens Toer is in rûne stiennen útsjochtoer, dy't yn 1835 boud waard troch Cornelius O'Brien. Hy die dat foar de toeristen dy't ek yn dy tiid al op de kliffen ôf kamen. By goed waar kinne fan O'Briens Toer ôf de Araneilannen, yn de Galway Baai, sjoen wurde.
De kliffen binne in goed foarbyld fan eroazje troch de see. De sedimintêre lagen kinne teld wurde en der is foar tûzenen jierren oan geology te besjen.
Toerisme
bewurkje seksjeAl lange tiid wurde de kliffen troch toeristen besocht. Tsjintwurdich binne de Kliffen fan Moher, mei sawat ien miljoen minsken yn it jier, de grutste toeristelûker fan Ierlân
De Kliffen fan Moher binne in natuerlik monumint fan Ierlân.
Oars
bewurkje seksje- De Fryske sjonger Gurbe Douwstra hat in ferske makke mei de namme Cliffs of Moher.