Klotten (oant 6 desimber 1935 offisjeel Clotten) is in Ortsgemeinde fan de ferbânsgemeente Cochem yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Klotten
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Cochem-Zell
Sifers
Ynwennertal 1.220 (2021)
Oerflak 16,04 km²
Befolkingsticht. 76 ynw./km²
Hichte 110 m
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 09'N 7° 12'E
Offisjele webside
klotten.de
Kaart
Klotten (Rynlân-Palts)
Klotten

It plak wurdt foar it earst yn 698 dokumintearre. De Poalske keninginne Richeza, de dochter fan de greve Ezzo en pakesizzer fan keizer Otto II, hold hjir mei har trije bern tusken 1040 en 1049 ta. Hja liet yn Klotten in kapel en in wentoer bouwe, dy't mei in brêge nei de kapel ferbûn wie. Nei har dea op 21 maart 1063 liet hja har besittings oan it benediktynske kleaster Brauweiler by Keulen nei. Har sarkofaach stiet yn de dom fan Keulen lofts efter it heechalter.

Mei de besetting fan it gebiet lofts fan de Ryn troch Frânske revolúsjetroepen kaam der in ein oan de hearskippij fan it karfoarstendom Trier. It Kongres fan Wenen makke út dat it gebiet yn 1815 by it keninkryk Prusen foege waard. Sûnt 1946 heart Klotten by de doedestiids stifte dielsteat Rynlân-Palts.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Boppe Klotten leit de boarch Coraidelstein. De boarch waard noch oant 1800 bewenne, mar earne yn de 19e iuw waard Coraidelstein foar ôfbraak ferkocht en yn 1838 wie it al in ruïne.[1]

 
Sint Maksiminustsjerke

De katolike parochytsjerke St. Maximin oan de Schulstraße hat in romaanske toer, dy't yn 1564 ferhege waard. Oarspronklik hie de tsjerke twa skippen, mar yn 1868 waard der noch in skip oan tafoege. De súdlike kapel út de 16e iuw waard doe ferboud ta in foarportaal. Sûnt 2002 wurdt yn de letgoatyske tsjerke in relikwy fan de Poalske keninginne Richeza bewarre.[2]

Oan it kuierpaad de Moselhöhenweg leit de 19e iuwske Seitskapelle.

Op it gebiet fan de gemeente leit ek it rekreaasjepark Wild- und Freizeitpark Klotten.[3]

Natoergebiet

bewurkje seksje
 
In smaragdhagedis yn it Dortebachtal

Noardeastlik fan Klotten leit it natoergebiet Dortebachtal. In houten boerd oan de B-49 wiist besikers de wei ûnder it spoar troch nei de delte. Yn it Dortebachtal binne grutte tsjinstellings: op de hegere hellings is it droech en waarm, ûnder is it bosk fochtich en koel. Yn de delling libje bysûndere bisten lykas û.o. de gledde slang, de smaragdhagedis en de grize goars. Benammen simmerdeis is it gebiet ryk oan flintersoarten en binne û.o. de lytse iisfûgelflinter, de keninginnepaazje en de apolloflinter oanwêzich.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Klotten