De Kodeks Roarda, ek wol hânskrift Roarda neamd, is in midsiuwsk hânskrift mei Latynske en Aldfryske rjochtsteksten. Oer de krekte datearring wurdt ferskillend tocht, mar moat lykwols lizze tusken 1480 oant 1504. De Kodeks Roarda is fan belang omdat dêryn it midsiuwske Fryske rjocht beskreaun wurdt, dat gou foar de fêstiging fan it sintraal gesach yn Fryslân. Dêrneist is it taalkundich fan belang omdat it foar in part yn it Aldfrysk opsteld is. De Kodeks Roarda is yn besit fan en wurdt bewarre by Tresoar yn Ljouwert.

Datearring en skiednis fan it boek

bewurkje seksje

De oarsprong fan de Kodeks Roarda is net dúdlik. Nei alle gedachten is yn 1480 begûn mei it meitsjen derfan. Briquet datearre it boek oan de hân fan wettermerken op 1495.[1] Nij papierûndersyk hat no laat ta in datearring omtrint 1504.[2] Wa't it boek gearstalle litten hat is ek net helder. De earste besitter wie lykwols Karel fan Roarda, dy't healwei de 17e iuw grytman wie fan Idaarderadiel en (ek) lid fan Deputearre Steaten. As lid fan in aadlik Frysk haadlingengeslacht, is it mooglik, mar net wis, dat it wetboek al oardel iuw famyljebesit wie.

 

Karel fan Roarda (†1670) hat de kodeks oan Simon Abbes Gabbema (16281688), lânshistoarjeskriuwer fan de provinsje Fryslân, jûn (of ferkocht). Nei de fêstiging fan it sintraal gesach troch hartoch Albrecht fan Saksen yn 1498, wie der in ein komd oan de iuwen fan de Fryske Frijheid, it tiidrek wêryn't de Friezen gjin inkel gesach, lienheer of lânsman erkenden útsein de keizer. Se wiene oant dan frij harren eigen rjochtspraak te regeljen en basearren dat op iuwenâlde útgongspunten. It mei dúdlik wêze dat in histoarikus as Gabbema in de 17e iuw mear oan it boek hie as in grytman as Fan Roarda.

Der is in lakune yn de skiednis fan de Kodeks Roarda fan it momint ôf dat Gabbema it yn besit hie oant de folgjende foarsitter, Petrus Wierdsma (1729 - 1811). It is mooglik dat ds. Johannes van der Waeijen, de opfolger fan Gabbema, it boek as ûnderdiel fan de profesjonele neilittenskip fan Gabbema oernomd hat. Neffens de Ljouwerter stedshistorikus Wopke Eekhoff yn in lêzing foar it Frysk Genoatskip yn 1854, is it ûnwierskynlik dat Petrus Wierdsma it boek urven hat: syn heit wie arts en Petrus wie notaris/rjochtsgelearde.[3] Eekhoff wit ek te fertellen dat Petrus Wierdsma boeken en kodeksen oernomd hat út de neilittenskip fan Werumeus, Halsema, Heringa en oaren, mar oft de Kodeks Roarda hjir tusken siet, is net bekend.

Petrus Wierdsma bestudearre en publisearre oer de âlde Fryske wetten en wis is dat hy hjirfoar de Kodeks Roarda brûkte, dy't hy oersette en fergelike mei de rjochtsteksten út de kodeksen Dousa en Emmius.[4]

Nei syn ferstjerren dienen de widdo en soan fan Wierdsma it wichtichste diel fan syn bibleteek troch in feiling fan de hân. Hânskriften, lykas de Kodeks Roarda bleau noch in skoft bewarren, mar ek dizzen waarden ferkocht yn 1858. De Kodeks Roarda kaam doe yn besit fan de Dútske germanist, rjochtsgelearde en heechlearaar Karel baron fan Richthofen (1811 – 1888). Syn wichtichste publikaasje yn relaasje ta de Kodeks Roarda is Untersuchungen über friesische Rechtsgeschichte (yn trije dielen tusken 1880 en 1886).

De Provinsjale Bibleteek fan Fryslân (no ûnder de namme Tresoar) hat yn 1922 út de neilittenskip fan Von Richthofen tsien Aldfryske hânskriften oankocht, wêrûnder de Kodeks Roarda (oantsjutten as Ro). Dêr wurdt it no noch altyd bewarre.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Pieter Gerbenzon - 'Aantekeningen over de Jurisprudentia Frisica, een laat vijftiende eeuwse bewerking van de Excerpta legum', Tydskrift foar Rjochtsskiednis, dl. 57, 1989
  1. C.M. Briquet, Les Filigranes, Dictionnaire Historique des Marges du Papier, 4 vol., Paris, 1907
  2. Gerard van Thienen, A date for the "Freeska Landriucht" Press (1484-7) from paper evidence, with a note on the Codex Roorda..., yn: Incunabula: studies... presented to Lotte Hellinga (cf. nr. 2966), side 141-167, ill.
  3. W. Eekhoff, 'Voorlezing over het leven van Petrus Wierdsma en zijne verdiensten omtrent de geschiedenis en letterkunde van Friesland', De Vrije Fries 8 (1859) 1-47
  4. Petrus Wierdsma en Pieter Brantsma, Oude Friese wetten / met eene Nederduitsche vertaaling en ophelderende aantekeningen voorzien (yn trije dielen, wêrfan it tredde nea publisearre waard, 1782 1788), Kampen en Ljouwert, J.A. de Chalmot en J. Seydel