Koen Verweij
</noinclude> Koen Verweij (Alkmaar, 26 augustus 1990) is in earder Nederlânsk hurdrider.
Koen Verweij | ||
Reedrider | ||
Koen Verweij 2014 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Koen Verweij | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 26 augustus 1990 | |
berteplak | Alkmaar | |
lingte | 182 sm | |
gewicht | 83 kg | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Langebaanriden | |
trener | Rutger Tijssen, Kosta Poltavets | |
O.S. | Sotsji 2014, Pyeongchang 2018 | |
debút | 2007 | |
karriêre-ein | 2022 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 2014 1x sulver Olympyske Spullen 2014 2x brûns Olympyske Spullen 2018, NK Oer Alles (2014) WK Oer Alles (2014) |
Syn súksesfolste jier wie 2014 wêryn't er in sulveren olympyske medalje wûn op de 1500 meter, in gouden olympyske medalje wûn op de ploege-efterfolging en wrâldkampioen oer alles waard. Koen Verweij wiksele faaks fan ploech. Verweij ried yn de seizoenen 2009/2010 en 2013/2014 foar TVM, yn 2008/2009 ried Verweij noch by Jong Oranje en tusken 2010 en 2013 kaam er út foar Team Van Veen (foarhinne Hofmeier/Team Hart). Yn seizoen 2014/2015 ried Verweij foar Team Corendon, mar in seizoen letter sleat Verweij har oan by de ploech fan Ireen Wüst. Nei in "tuskenjier" besleat Verweij rjochting it Olympyske seizoen 2017/2018 gear te wurkjen mei de Russyske seleksje ûnder lieding fan Kosta Poltavets. 2018 naam Verweij opnij in "tuskenjier". Yn 2019 sleat er him oan by Team Reggeborgh om yn 2020 mei syn doetiidske freondinne Jutta Leerdam in eigen reedrydploech te begjinnen.
Yn augustus 2022 makke Verweij bekend op te hâlden mei reedriden. [1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|