Koepeltsjerke (Wytmarsum)
De Koepeltsjerke is in protestantsk tsjerkegebou yn Wytmarsum. De PKN-gemeente makket yn 'e regel gebrûk fan 'e eardere grifformearde tsjerke De Hoekstien.[1]
Koepeltsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
plak | Wytmarsum | |
adres | Tsjerkeplein 2 | |
koördinaten | 53° 06' NB, 5° 27' EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39435 | |
Webside | ||
PKN-gemeente Trijeris Ien | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeSûnt likernôch 1200 hie Wytmarsum in oan Sint-Martinus wijde tsjerke mei in sealtektoer. Yn 1532 kaam de eardere fikaris Menno Simons út Penjum as pastoar nei Wytmarsum, dy't tsjin de radikale werdopers preke. Begjin 1536 kearde er him tsjin it katolisisme en flechte nei Grins. Noch itselde jier liet er him werdope en waard Menno Simons fan ketterij beskuldige.
Yn 1631 waard de midsiuwske tsjerke by needwaar ferneatige, mar de toer bleau bewarre. De hjoeddeiske tsjerke waard yn opdracht fan Tjaerd fan Aylva foltôge yn 1633. It skip mei in houten tonferwulft krige oan beide siden in trijesidige sluting
Yn 1661 baarnde de toer ôf. Dy waard ferfongen troch in toer mei spits, mar dy waard brekfallich en yn 1819 ôfbrutsen. Doe waard yn 'e midden fan it skip in achtkante dakruter mei koepel boud. Sûnt hat de tsjerke it hjoeddeiske oansjen.
Yn 1995 en 1996 wie der in grutte restauraasje fan'e tsjerke, nei't bliken dien hie dat it hout fan 'e tsjerke oantaaste wie troch de bûnte kjifkrobbe.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt meubilêr komt benammen út 1683, lykas trettjin frouljusbanken en in oerkape hearebank. It doopfont út 1966 is makke troch Jan Murk de Vries.
Under de koepel hingje twa klokken. De lytse klok waard yn 1433 getten, de grutte yn 1656.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel út 1855 is boud troch L. van Dam en Soannen en yn 1964 restaurearre troch Bakker & Timmenga. Sûnt de bou fan it oargel is der fierder net in soad oan feroare. De disposysje is noch oarspronkelik.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|