Konsulaat (diplomasy)

(Trochferwiisd fan Konsul-honorêr)

In konsulaat is in diplomatike fertsjintwurdiging fan ien lân yn in oar lân (mei minder foech as in ambassade), dy't laat wurdt troch in konsul. Mei de oantsjutting 'konsulaat' kin it eigentlike gesantskip (besteande út diplomatyk personeel) bedoeld wêze, mar der wurdt ek wol inkeld it gebou mei bedoeld dêr't dat gesantskip yn húsfêste is. Meastal wurdt lykwols sawol it gesantskip as it gebou bedoeld. Konsulaten falle bestjoerlik ûnder it Ministearje fan Bûtenlânske Saken fan it thúslân. Konsulêr personeel genietet, krekt as ambassadepersoneel, diplomatike ymmuniteit.

It Nederlânske konsulaat yn Sint-Petersburch (Ruslân).

Soarten konsulaten

bewurkje seksje

It komt foar dat lannen in problematyske relaasje hawwe en dat in konsulaat de heechste diplomatike fertsjintwurdiging is dy't yn 'e wjersidige haadstêden ûnderholden wurdt, mei't der gjin ambassadeurs útwiksele binne. Meastal binne konsulaten lykwols 'njonkenfêstigings' fan ambassades. Yn in grut gastlân stiet de ambassade fan in oare steat almeast yn 'e haadstêd (of de regearingsresidinsje, as it regear net syn sit hat yn 'e haadstêd), wylst yn oare wichtige stêden, ferspraat oer it lân, ferskillende konsulaten fêstige binne. Dêrby wurde grutte konsulaten as 'konsulaat-generaal' oantsjut, en binne lytsere konsulaatsjes gauris bestjoerlik ûnderhearrich oan sa'n konsulaat-generaal.

Nederlân hat bygelyks yn 'e Feriene Steaten in ambassade yn Washington, D.C., en konsulaten-generaal yn New York, Chicago, Miami en San Fransisko, mei dêrnjonken noch lytsere konsulaatsjes dy't ûnder it konsulaat-generaal fan San Fransisko falle yn Los Angeles, Portland, Seattle, Phoenix, Salt Lake City, Denver en Honolulu. Yn Dútslân ûnderhâldt Nederlân njonken in ambassade yn Berlyn ek ferskate konsulaten-generaal, wêrfan't de wichtichsten fêstige binne yn Hamburch (mei ûnderhearrige konsulaatsjes yn Emden, Bremen en Hannover) en yn Düsseldorf (mei ûnderhearrichheden yn Aken, Kleef, Keulen en Meunster.

 
It Nederlânske konsulaat yn Kaapstêd (Súd-Afrika).

Doelen en tsjinsten

bewurkje seksje

Konsulaten konsintrearje har mear as ambassades op it leverjen fan tsjinsten oan steatsboargers fan it thúslân dy't yn it gastlân ferbliuwe, bgl. foar fakânsje, stúdzje of saken. Sa bestiet in grut part fan 'e wurksumheden op in konsulaat út 'e ôfjefte fan reisdokuminten (paspoarten foar boargers fan it thúslân en fisa foar boargers út it gastlân), wêrûnder needdokuminten yn gefallen wêrby't it paspoart ûntfrjemde, ferlern of op in oare manear kwytrekke is.

Fierders kin men op in konsulaat telâne foar formaliteiten op it mêd fan 'e boargerlike stân (houliken, skiedings, berten, stjergefallen), de ôfjefte fan rydbewizen, identiteitsbewizen en ferskate konsulêre ferklearrings en sertifikaten, it ferfier fan 'e stoflike omskotten fan minsken dy't op fakânsje of op reis ferstoarn binne (laissez-passer), ynformaasje foar bedriuwen, foarljochting oer wetjouwing, ensfh.

Earekonsulaat

bewurkje seksje

In aparte fariant fan konsulaten binne earekonsulaten, dy't laat wurde troch in konsul-honorêr ("earekonsul") en yn 'e regel mar in tige beheinde stêf hawwe (net selden in stêf fan ien persoan, de konsul-honorêr sels). Faak is sa'n konsul-honorêr in steatsboarger fan it gastlân dy't de iene of oare bân mei it lân hat dêr't er diplomaat foar is. Konsuls-honorêr ferliene diplomatike tsjinsten, mar binne ek adviseur fan bedriuwen en boargers dy't saken dwaan wolle yn it lân dat hy of sy fertsjintwurdiget. Faak wurdt in konsul-honorêr frege foar syn post om't er in grut sosjaal netwurk hat, dêr't it lân dat er fertsjintwurdiget gebrûk fan meitsje wol om bgl. nije ynvestearrings binnen te heljen. Krekt as normaal konsulêr personeel genietet ek in konsul-honorêr diplomatike ymmuniteit.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en referenties, op dizze side.