Holdeksel
(Trochferwiisd fan Kopdeksel)
In holdeksel of kopdeksel is de oantsjutting foar lykfol hokker stik klean dat op 'e holle droegen wurdt.
Doelen
bewurkje seksjeHoldeksels tsjinje in ferskaat oan doelen:
- beskerming
- om jins hier kibich te hâlden;
- ta fersiering of foar de moade;
- foar sedigens of ta maatskiplike tradysjes;
- foar religieuze doelen;
- foar medyske doelen;
- as teken in funksje of as ûnderdiel fan in unifoarm.
Soarten holdeksels
bewurkje seksjeOer it algemien kinne holdeksels yn sân kategoryen yndield wurde:
- fearretoaien: holdeksels makke fan fûgelfearren;
- helms: holdeksels fan in hurd materiaal, droegen ta beskerming;
- huodden: stevige holdeksels mei in râne rûnom;
- holdoeken: in doek dy't men om 'e holle hinne wuollet;
- kroanen: metalen holdeksels, faak mei in gat yn 'e midden, droegen troch monargen;
- mûtsen: sloppe holdeksels sûnder râne;
- petten: sloppe of stevige holdeksels mei in râne fan foarren.
Soms wurde dêr noch twa kategoryen oan taheakke:
- maskers: bedekkende assessoires foar oer it gesicht (ta beskerming of as momkape);
- pruken: protetyske hierstikken foar op 'e plasse.
Gallery
bewurkje seksje-
In Afrikaanske frou mei in holdoek op.
-
In man mei in hege hoed op.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|