Kornet (rang)
In kornet is in subalterne ofsier fan lege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan guon lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, mar inkeld by de wapens fan 'e kavalery en de artillery; fierders hat ek de maresjesee de rang fan kornet. De ekwivalinte rang by de rest fan 'e lânmacht, en teffens by de loftmacht, is faandrich. By de marine en de mariniers ûntbrekt dizze rang eins hielendal, mar kin in kornet lyksteld wurde oan in luitenant-op-see 3e klasse (marine) of oan in twadde luitenant (mariniers).
De oansprektitel fan in kornet is "kornet". De boppelizzende rang is twadde luitenant, en de ûnderlizzende rang is adjudant. Dêrmei is kornet (mei faandrich) de leechste subalterne ofsiersrang. Dêrby moat oantekene wurde dat kornet yn 'e Nederlânske Striidkrêften gjin by Keninklik Beslút beëdige ofsiersposysje is.
Skematysk oersjoch
bewurkje seksjeOersjoch fan 'e kornetsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
faandrich of kornet |
luitenant-op-see 3e klasse | faandrich |
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht
bewurkje seksje(oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OF-1 | |||||||
faandrich faandrich* (by de artillery en kavalery: kornet) |
luitenant-op-see 3e klasse mynhear/mefrou (by it Korps Mariniers: twadde luitenant) |
faandrich faandrich* |
kornet kornet* |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |