Krúsferheffingstsjerke (Tambov)

De Tsjerke fan de Ferheffing fan it Hillich Krús (Russysk: Церковь Воздвижения Святого Креста) is in roomsk tsjerkegebou yn Tambov, Ruslân. De tsjerke falt ûnder it bisdom Sint-Klementius, dat yn Saratov syn sit hat. De monumintale tsjerke stiet oan de Kronstadtskaja Ulitsa en wurdt troch misjonarissen fan Steyl beheard.

Krúsferheffingstsjerke

Вознесенский монастырь

bouwurk
Tambov CatholicChurch 0512c.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Tambov Oblast.svg Tambov
plak Flag of Tambov (Tambov oblast).png Tambov
koördinaten 52° 42' N 41° 27' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1898—1903
monumintale status Kultureel monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 6800013000
offisjele webside
(ru) Side katolyk bisdom

SkiednisBewurkje

Tsjin it ein fan de 19e iuw wennen der neffens in folkstelling 682 katoliken yn de stêd. De measte katoliken wienen etnyske Poalen en yn oktober 1896 naam dy mienskip it beslút jild yn te sammeljen foar de bou fan in tsjerke, wermei't yn septimber 1898 útein set waard. Al sûnt 25 maaie 1903 waarden der missen opdroegen yn de neogoatyse en fan reade bakstien boude tsjerke. Tagelyk waard der ek in parochyhûs fan twa ferdjippings boud, weryn't wenromte foar de preester, in bibleteek en in ynsteling foar goede wurken ûnderbrocht wiene.

 
Byld fan Nikolaas fan Myra

De tsjerke waard yn 1935 sletten en de preester ferfolge. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it oargel demontearre om it earne oars wer op te bouwen, mar de weropbou fan it oargel mislearre. De tsjerke stie foar in hiel skoft leech en waard lang om let as wurkpleats brûkt. Dêr hie it gebou slim fan te lijen; de klokketuorren waarden fernield, de gevel feroare, wylst wetter en oanslach de muorren oantaasten.

Yn 1996 waard de parochy op 'e nij stifte en registrearre. De eardere tsjerke waard ein 1997 werom jûn oan it bisdom. Fuortendaliks nei de oerdracht waard begûn mei in restauraasje, dêr't yn Poalen jild foar ynsammele wie. De tsjerke krige syn âlde oansjen werom en sûnt de earste krystdei fan 1998 wurde dêr op alle dagen missen fierd.

By de tsjerke stiet in byld fan Nikolaas fan Myra.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Воздвижения Святого Креста (Тамбов)