Krikelbeampaazje
De krikelbeampaazje (Thecla betulae) is in flintersoarte yn it skaai fan de echte lytse paazjes (Thecla) út 'e famylje fan 'e reachwjukflinters (Lycaenidae).
krikelbeampaazje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Thecla betulae | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe flinter wurdt hieltiten faker sjoen yn tunen en parken. De grutste populaasjes libje op de Feluwe en yn Súd-Limburch. It is in honkfêste soart. De flinter hâldt fan krikelstrewellen, houtwâlen en boskrânen.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Fleantiid
bewurkje seksjeDe flinter fljocht fan begjin juny ôf oant ein septimber. Foaral tusken 5 oant 31 augustus. De flinters fleane altyd yn 1 generaasje.
Flinter
bewurkje seksjeDe wjuklingte is likernôch 17 mm. De ûnderkanten fan de wjukken binne ljochtbrún oant oranje. De wyfkes hawwe op de boppekant fan de foarwjuk in oranje plak.
De rûp
bewurkje seksjeDe rûp kin 20mm lang wurde. It liif is wyteftich-grien mei tinne skeane streken op de flanken. It hiele liif is bedekt mei fine behierring. De kop is lyts en swart. De groei fan de rûp is yn it foarjier en foarsimmer.
De aaikes fan de flinter binne wyt en plat. Se binne foaral yn de winter te finen. Tusken okselblêden fan jong hout yn takken. It aai oerwintert.
De rûp fret krikelbeam, soms prommebeam en kersebeam.