Krips en Molenaar
Krips en Molenaar wie in revu- en kabaretduo, dat yn de jierren om de Earste Wrâldkriich hinne tige populêr wie yn Fryslân.
It bestie út Lambertus Krips, winkelman út Wommels, en Simke Molenaar, seilmakker út Grou. Fan 1904 ôf treden se jierrenlang op. Harren repertoire bestie út foardrachten en lietsjes yn it Frysk. Grutte suksesnûmers wienen de aventoeren fan Oept en Kekke (ek al fertolke troch Rozenga en Molenaar), In Spantsje, De Swalkers, en yn de mobilisaasjetiid Piter en Gryt nei de Fryske soldaten:
"ús Frysce soldaten
Der falt net tsjin to praten:
Great binn’ wy op dy mannen, n’t wier
Sjuch mar dy troanjes sa gol en sa blier.
Mar ús frysce soldaten
Der falt net tsjin to praten.
Binne ho goed hja it ek skikke ken
Ljeafst thús by wiif en bêrn."
Krips en Molenaar treden tegearre op oant 1926. Seis jier letter wienen hja noch te hearren op de VARA-radio.