Kristlike Grifformearde Tsjerke Andréasgemeente (Broeksterwâld)
De Kristlike Grifformearde Tsjerke oan de Foarwei yn Damwâld is it tsjerkegebou fan de kristlik grifformearde Andréasgemeente fan Broeksterwâld.
Andréasgemeente | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Damwâld | |
adres | Foarwei 21 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1938 | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeIt gebou waard yn de jierren 1937-1938 boud as it ferieningsgebou Ons Huis, dat de funksje hie fan in doarpshûs. Nei de skuorring yn de Grifformearde Tsjerke yn 1944 hiene de frijmakken ynearsten net in eigen tsjerke. Dêrom hierden hja de biljertseal foar de tsjerketsjinsten. Yn de jierren 1960 ferlear it gebou jimmeroan mear de oarspronklike funksje en waard de frijmakke tsjerke eigner. Yn 1997 fûn der in útwreiding plak troch de oanbou fan in foarportaal.
De lytse frijmakke gemeente, dy't de doarpen Damwâld, Broeksterwâld, Oentsjerk, Mûnein, Wyns en Rinsumageast omfieme en 96 leden telde, waard yn 2010 opheven om't de gemeente net selsstannich mear in dumny beroppe koe. Op snein 28 maart 2010 waard foar it lêst in frijmakke earetsjinst fierd.[1]
Yn Broeksterwâld wie yn 1990 de kristlike grifformearde gemeente yn twa gemeenten út inoar skuord. Beide gemeenten, de Andreasgemeente en de Petrusgemeente, bleaune sûnt gebrûk meitsjen fan de mienskiplike tsjerke, mar no't it gebou fan de frijmakke grifformearden yn Damwâld frijkaam kocht de lytsere Andreasgemeente him út en kocht it tsjerkje oan de Foarwei yn Damwâld oan as eigen ûnderkommen.[2]
Op 26 augustus 2011 waard de tsjerke iepene. De kânselbibel waard troch twa bern binnendroegen. Fan dûmny H.H. de Haan krige de gemeente út namme fan de Brabânske ophefte gemeente Klundert in histoarysk boerd, mei dêrop de tekst fan 1 Keningen 8:29a. It boerd wie ea troch dûmny P. Dijkstra skonken oan Klundert, dy't fan 1932 oant 1948 tsjinne yn Broeksterwâld.[3]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1971 troch J. de Koff en Pels & van Leeuwen boud en yn 2012 troch de gemeente oernommen. Oarspronklike eigner fan it oargel wie in HBO-skoalle yn Gouda.[4]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|