Kristlike grifformearde tsjerke (Feanwâlden)

De Kristlike grifformearde tsjerke oan de Stasjonswei yn is in tsjerkegebou fan de kristlik-grifformearde gemeente yn Feanwâlden.

Kristlike grifformearde tsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Feanwâlden
adres Stasjonswei 3
koördinaten 53° 14' N 5° 59' E
Arsjitektuer
arsjitekt H. van der Kwast
boujier 1937
Webside
Side fan de gemeente
Kaart
Kristlike grifformearde tsjerke (Fryslân)
Kristlike grifformearde tsjerke

De tsjerke waard boud yn 1973 foar de kristlik-grifformearde gemeente fan Feanwâlden. Arsjitekt wie H. van der Kwast. Oarspronklik stie op it plak Hotel Schoonoord, dêr't de kristlik-grifformearden noch in skofke yn tsjerken ear't hja ta nijbou oergyngen.

Oarspronklik hiene de kristlik-grifformearden harren tsjerke oan de Boargemaster Faberwei, mar nei in skuorring yn 1954 dielde de gemeente har op yn in âld-grifformearde gemeente en in kristlik-grifformearde gemeente. De âld-grifformearden holden it tsjerkje oan de Boargemaster Faberwei en de kristlik-grifformearden ferhûzen nei in seal fan Hotel Schoonoord, dat letter yn de jierren 1972-1973 sloopt wurde moast foar de nijbou fan de tsjerke.

Sûnt 2012 wurkje de Feanwâldster kristlik-grifformearden gear mei de frijmakke grifformearden fan Noardburgum.

It oargel waard oarspronklik foar de Fonteintsjerke yn Bûtenpost boud troch de oargelmakkerij Pels & Soannen en yn 1997 oernommen troch de kristlik-grifformearde gemeente.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: