Kristus-Ferlosserkatedraal (Uzjhorod)

De katedraal fan Kristus de Ferlosser (Oekraynsk: Храм Христа Спасителя; ek: Кафедральний Хресто-Воздвиженський собор; Katedraal fan de Ferheffing fan it Hillich Krús) is in katedraal fan 'e Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat Moskou) yn 'e Oekraynske stêd Uzjhorod. De tsjerke stiet oan it plein dat ferneamd waard nei de hilligen Syril en Metodius. De bou fan 'e tsjerke sette yn 'e jierren 1990 útein en waard yn 2000 foltôge. De earste liturgy yn 'e katedraal waard op 27 septimber 2000 fierd.

Kristus de Ferlosserkatedraal
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Transkarpaasje
plak Uzjhorod
koördinaten 48° 36' N 22° 17' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
Arsjitektuer
boujier 1990-2000
Webside
Side katedraal
Kaart
Kristus-Ferlosserkatedraal (Oekraïne)
Kristus-Ferlosserkatedraal

De nijbou ferfong de âlde katedraal, dy't oerdroegen waard oan de Gryksk-Katolike mienskip.

De katedraal hat in hichte fan 60 meter en is yn 'e stêd rûnom te sjen. It gebou bestiet út in ûndertsjerke, de Tsjerke fan it Hillich Krús (6 meter heech), en in boppetsjerke, de Kristus de Ferlosserkatedraal (hichte 36 meter). De sintrale koepel fan 'e katedraal draacht in ferguld krús fan 8 meter heech.

De katedraal is foar in grut part boud neffens de foarmen fan 'e Moskouse Kristus de Ferlosserkatedraal. Oant sa'n 4.000 minsken komme alle wiken nei de katedraal, dy't in maksimale kapasiteit hat foar 5.000 minsken. De katedraal hat ek in konferinsjeseal foar 300 minsken en in seal dêr't likernôch 100 kwetsbere minsken ite kinne.

Yn 2008 waard de katedraal troch leden fan de Oekraynske Feilichheidstsjinst oerfallen om te sykjen nei bewizen fan separatistyske aktiviteiten, nei't Kiëv de rektor fan 'e katedraal, Dmytro Dmytrovytsj Sydor, de lieder fan it Kongres fan Karpatyske Rûthenen, fan separatisme beskuldige. Sydor sels ûntkende de beskuldigings en sei dat er allinne stribbet nei in foarm fan autonomy yn 'e Oekraïne.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Христа Спасителя (Ужгород)