Kroaneburch
De Kroaneburch, ek wol: Wythûs en Botniahûs, is in eardere sealstins yn de binnenstêd fan Snits.
It pân stie tusken de Merkstrjitte en de hjoeddeiske Liuweburch, destiids hiet dit diel fan de stêd Waachplein. It gebou krige har namme troch in gevelstien mei dêrop meardere kroanen. Yn it gebou siet in begoedige famylje, mooglik de famylje Bothnia. De stins by de Waach, lei efter de roailine op in dûbeld hiem. Neffens kronyskskriuwer Eelco Napjus waard it gebou troch aadlike hearen faak it Wythûs neamd.
It gebou is yn 1709 sloopt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |