Manke Meine en Kromme Knilles

(Trochferwiisd fan Kromme Knilles en Manke Meine)

Manke Meine en Kromme Knilles binne twa reuzen dy 't yn in leginde oer it ûntstean fan Akkrum foarkomme. De beide reuzen soenen om 1400 hinne in sleat groeven hawwe, dy 't harren delsettings mei elkoar ferbine moast.

Kromme Knilles en Manke Meine

Twa plaatstielen silhûetten fan Meine en Knilles steane oan It Stalt op in skiereilantsje yn de omleine Boarn tusken it spoar en de rykswei oan de eastkant fan Akkrum. Se binne makke troch Jan de Wit (skûlnamme Cor ten Staal). It keunstwurk is in geskink fan de jachthavenstichting Tusken de Marren en is op 2 maaie 1997 setten.
Akkrum wol it tema fan de reuzen fierder trochfiere. De ynformaasjeboerden by de trije entrees fan it dorp binne yn de foarm fan boerden mei it silhûet fan de reuzen en earder waard de feestferljochting yn de foarm fan de reuzen getten. Pleatslik Belang en de ûndernimmers wolle fan it byldmerk it boechbyld fan it doarp meitsje.

"Buorman, kom ris gau en warskôgje de buorlju ek, tsjonge, jonge, dat giet yn in tempo!" Efkes letter steane se by elkoar te sjen en sjogge twa reuzen, dy't by harren delsetting oan it graven binne. Manke Meine en Kromme Knilles meitsje in brede sleat. Dit barde ûngefear 1400 jier lyn by it doarp dat no Akkrum hjit.

De beide reuzen makken in feart fan de hege sângrûnen yn it suden nei de lege lannen yn it noarden. Mei grutte skeppen wienen se hurd oan it wurk. Se wurken hast altiten tegearre. Elk skepfol wie in kúb grûn. Dizze grutte feart, dy't no de Boarn hjit, wie tige wichtich foar plakken as Aldeboarn en Akkrum. Yn it foarste plak koe men der farre en dêrtroch ûntstie der hannel tusken alle delsettingen dy't oan de rivier leine.

Twaddens koe yn wiete tiden it wetter better fuortkomme en better ôffierd wurde nei de Middelsee. Yn it tredde plak koenen der better huzen boud wurde en waarden de delsettings grutter. "Hark ris", sei ien fan de boeren dy't nei de reuzen seach. "Se hawwe spul". Kromme Knilles seach efterom en beseach syn wurk.

No, der siet frijwat in bocht yn de feart en dêrom rôp er tsjin Meine: "Ach, krom!" Meine sei lilk: "Do makkest der in rotsoaitsje fan en ik wol net langer mei dy gearwurkje". De boeren dy't dúdlik Akkrom heard hiene, seinen tsjin elkoar: "Dat is in moaie namme foar ús delsetting".

"Sjoch no ris!" sei in oare boer, "Meine en Knilles geane elk in kant út, no dan binne se ek echt lilk!" Meine wrotte rjochttroch, it westen yn en wurke sa rjocht as in kears. De Meinesleat is it wurk fan syn hannen. Knilles hold noardlik oan en wurke him út de naad oant Raerd, dat doe oan de Middelsee lei. Fan lilkens hied er net wer efterom sjoen en dat wie mar goed ek, syn wurk siet grôtfol bochten. Sjoch mar nei de Kromme Knilles tusken Akkrum en Aldskou.

Wa hie tinke kind dat der út dy delsetting, dêr't it spul begûn, sa'n prachtich doarp ûntstean soe foar wettersporters en natoerleafhawwers. As Knilles en Meine sjen kend hienen, hoe't de wrâld der dêr no hinne leit, dan soenen se elkoar in hân jaan en frede slute mei de wurden: "Us wurk hat goed west!".

Kiekenberch

In oar folksferhaal seit dat ek de Grutte en Lytse Kiekenberch by Aldhoarne harren namme krige oan de beide reuzen. Op in stuit smiet ien fan de reuzen in pear hânfollen sân yn súdlike rjochting “Kiek ’n berch” sei er doe tsjin syn maat..

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: