Kryst
(Trochferwiisd fan Krystdagen)
Kryst of Krysttiid is in fan oarsprong kristlike hjeldei, dy't hjoeddeis oer de gânse wrâld fierd wurdt. Oarspronklik wie Kryst it feest fan de berte fan it berntsje Jezus; yn it Italjaansk wurdt kryst dan ek natale neamd, wat letterlik berte betsjut. Troch de ûnttsjerkliking giet it hjoeddeis lykwols hieltyd mear om de noflikheid mei de famylje en freonen. Yn Amerika is it feest foaral foar de bern, dy't kado's krije fan de Krystman, dy 't fergelykber is mei Sinteklaas yn Nederlân. Kryst falt op 25 en 26 desimber en wurdt foarôf gong troch it advint.
In soad minsken hâlde fan kryst om't alles noflik dekorearre wurdt mei krystbeammen, lampkes, krystballen, en sa fierder.