L'Étranger (Frânsk, betsjutting: "De Fjemdling") wie de earste novelle fan Albert Camus, út 1942. It boek wurdt sjoen as in eksistinsjalistysk wurk, wat filosofyske ideeën fan it absurdisme behannelet.

L'Étranger

It ferhaal folget Meursault, in ûnferskillige kolonist yn Frânsk Algerije, dy't wiken nei de begraffenis fan syn mem in namleaze Arabyske man yn Algiers fermoardet. It ferhaal is ferdield yn twa parten, mei Meursaults earste-persoansfertelling foar en nei de moard. [1]

Camus makke it earste manuskript yn maaie 1941 dien, mei wersjeningen foarsteld troch André Malraux, Jean Paulhan en Raymond Queneau dy't oernommen waarden yn 'e úteinlike ferzje. De oarspronklike Frânsktalige earste edysje fan de novelle waard publisearre op 19 maaie 1942, troch Gallimard, ûnder de oarspronklike titel; it ferskynde yn boekhannels fan dy juny ôf oan, mar wie beheind ta in earste 4.400 eksimplaren, sa'n bytsje dat it net in bestseller wurde koe. Under 'e nazi-besetting fan Frankryk waard it ferkocht sûnder sensuer of fuortlittings troch de Propaganda-Staffel.

L'Étranger wurdt beskôge as in klassiker yn de literatuer fan de 20e iuw en is priizge om Camus syn filosofyske fyzje, absurdisme, syntaktyske struktuur en eksistinsjalisme (nettsjinsteande Camus syn ôfwizing fan dat lêste etiket), benammen yn it lêste haadstik. [2] Le Monde sette L'Étranger op it earste plak fan syn 100 boeken fan de 20e iuw.

De novelle is twa kear ferfilme: Lo Straniero (1967) en Yazgaparochy (2001) en hat withoefolle referinsjes en earbetoan yn telefyzje en muzyk (benammen Killing an Arab fan The Cure), en waard trochferteld út it perspektyf fan de broer fan de nammeleaze Arabyske man yn Kamel Daoud's roman The Meursault Investigation út 2013.

Der is gjin Fryske útjefte fan it boek (2024).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. From Cyril Connolly's introduction to the first English translation, by Stuart Gilbert (1946)
  2. Carroll, David. Albert Camus the Algerian: Colonialism, Terrorism, Justice. Columbia University Press. s. 27.