L'être et le néant

L'être et le néant (Frânsk, betsjutting likernôch: "It wêzen en it neat") ' is it grutte literêre wurk fan 'e Frânske filosoof Jean-Paul Sartre, út 1943. It boek besprekt de ûnderfining fan minsken en betingsten foar frijheid.

L'être et le néant wurdt tagelyk beskôge as de wichtichste non-fiksje útdrukking fan Sartre syn eksistinsjalisme en as syn meast ynfloedrike filosofyske wurk, orizjineel nettsjinsteande de skuld oan Heidegger. In soad hawwe it sintrale begryp fan it boek priizge dat 'it bestean foarôfgiet oan de essinsje', de yntroduksje fan it konsept fan kweade trou en it ferkennen fan it 'neat', lykas de nije bydragen oan de filosofy fan seks. It boek is lykwols bekritisearre fanwege syn kompleksiteit en syn behanneling fan Freud.

It boek bestiet út fjouwer ûnderdielen. It earste part giet yn op de problematyk fan it neat, it twadde part giet yn op it bestean en de ûnderfining fan it selsbewustwêzen, it tredde part op de relaasje fan de minske ta oare minsken en it fjirde en lêste part giet oer it de etyske fraach nei it hanneljen.

Yn de ynlieding sketst Sartre syn eigen teory oer bewustwêzen, syn en fenomenen oan'e hân fan krityk op sawol eardere fenomenologen (benammen Husserl en Heidegger) as idealisten, rasjonalisten en empiristen. Neffens him is de fenomenology ien fan de wichtichste ferwurvenheden fan de moderne filosofy, omdat se de foarmen fan dualisme ûntkrêft dy’t it ekstinte in 'ferburgen' aard takenden (lykas Immanuel Kant syn noumenon); de fenomenology hat 'de yllúzje fan wrâlden efter de skermen' weinommen.

Basearre op in ûndersyk nei it aard fan ferskynsels, beskriuwt er it aard fan twa soarten wêzen, 'yn-himsels-wêze' (it wêzen fan dingen) en 'wêzen-foar-himsels'. Wylst it wêzen yn himsels wat is dat allinnich troch minsken benadere wurde kin, is it 'wêzen-foar-himsels'it wêzen fan bewustwêzen.

L'être et le néant waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.