Lângoed Schaffelaar

Lângoed Schaffelaar is in park mei bûtenhûs yn Barneveld. It hûs is om 1850 boud en wurdt sjoen as it wichtichste Nederlânse lânhûs yn de neo-tudorstyl. Pleatslik wurdt it kastiel De Schaffelaar neamd.

Hûs De Schaffelaar

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldoarloch waard it lânhûs troch de Dútske besetter as reservearringskamp brûkt, om joadske Nederlanners dy't neffens it Plan-Frederiks fan belang foar de mienskip wiene, te ynternearjen. De Joaden dy't it oan gie hiene bygelyks yn de Earste Wrâldkriich oan Dútske kant fjochte, of hienen lid west fan de NSB. De Dútsers diene it kamp foar as woldiedigens, mar feitlik wie it ornearre om foar te kommen dat Joaden ûnderdûke soene en besykje soene harren 'rjocht' te ferdigenjen by it regear. Sadwaande wie it makliker foar de besetter om Joaden te arrestearjen en te deportearjen nei ferneatigingskampen. Tusken desimber 1942 en septimber 1943 sieten dêr likernôch 450 Joaden ynternearre. Oare, soksoarte kampen wiene Hûs De Biezen yn Barneveld en Filla Bouchina yn Doetinchem.

Nei't de Joaden nei Theresienstadt transportearre wiene, waard der yn De Schaffelaar âlderein ûnderbrocht dy't om reden fan bombardeminten de Rânestêd ûntflechte wiene. Dêrnei húsmanne der yn it gebou nei de oarloch efterelkoar in refalidaasjesintrum foar oarlochsynfaliden, de Stafskoalle Beskerming Befolking, in typeskoalle en in sportskoalle.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: