Lâningte fan Suëz
De Lâningte fan Suëz is in lâningte yn Egypte. Oan de westkante fan de lâningte leit Afrika en it grutste part fan Egypte. Oan de eastkante leit Aazje en it Egyptyske skiereilân Sinaï.
De lâningte is ferneamd rekke om it Suëzkanaal dat troch de lâningte giet. It kanaal, 163 kilometer lang, waard yn 1869 iepene en ferbynt de Middellânske See mei de Reade See. It Suëzkanaal soarget foar in koartere rûte fan Jeropa nei Súdeast-Aazje. Wêr’t skippen foar 1869 om heul Afrika hinne farre moasten kinne dizze no troch it Suëzkanaal.