Nederlânske Lânwacht

(Trochferwiisd fan Lânwacht)

De Nederlânske Lânwacht (offisjeel: Nederlands(ch)e Landwacht wie in Nederlânske paramilitêre organisaasje dy't op 12 novimber 1943 troch de Dútske besetter oprjochte waard. De Lânwacht moat net troch elkoar helle wurde mei it militêre frijwilligerskorps 'Landwacht Nederland' dat yn maart 1943 oprjochte waard en yn oktober omneamd waard ta Landstorm Nederland, in ûnderdiel fan de Waffen-SS. Nei Mâle Tiisdei waard de Frijwillige Helpplysje oan de Lânwacht taheakke.

Keuring Lânwacht (Amsterdam, 28 febrewaris 1944)
Lânwachters lizze beslach op blikgriente (9 juny 1944)

Kees van Geelkerken, de twadde man fan de NSB, waard yn novimber 1943 troch Seyss-Inquart beneamd ta Ynspekteur-Generaal fan de Lânwacht. Nei Dolle Dinsdag foel de Lânwacht streekrjocht ûnder Rauter as Befehlshaber der Ordnungspolizei. Nei de oanslach op Rauter yn maart 1945 waard de Dútske SD'er Eberhard Schöngarth syn plakferfanger.

De Lânwacht bestie fral út NSB'ers útrisd mei jachtgewearen. Dêrfandinne dat se de skelnamme "Jan-Hagel" krigen.

De Lânwacht waard hate troch de befolking ûnder mear meidat se de fiedselpakketten ornearre foar de befolking yn de Hongerwinter ôfpakten. Tûzenen Nederlanners moasten somtiids hûnderten kilometers rinne om in stik bôle of wat jirpels te besetten. Hoewol't de Lânwacht gearstald wie út leden fan de NSB, wie net Anton Mussert, mar de SS-plysjesjef Hanns Albin Rauter haad fan de organisaasje.

De Lânwachters waard foar it earst op strjitte sjoen yn maart 1944. Se waarden fral ynset foar it beweitsjen fan gebouwen, it kontrolearjen fan persoansbewizen en it dwaan fan arrestaasjes.

Leden fan de Lânwacht droegen de swarte NSB-partijklean: swarte oerhimden, swarte broek of rydbroek, swarte learen motor- of rydlearzen, swart-learen keppelriem mei bijbehorende draachriem. Al nei gelang it waar koe in swarte tunyk en/of swarte oerjas droegen wurde.
It kin wêst hawwe dat hjir en dêr swarte pistoaltassen oan de keppelriem droegen waarden.

It haadkertier fan de Lânwacht húsmanne yn de Filla Bloemheuvel oan de Haadstrjitte 23-25 yn Driebergen.

Yndieling fan de Nederlânske lânwacht nei goaen

bewurkje seksje
Namme Regio's Befelhawwer
Stormban I Súd-Hollân en Seelân H.A.M. van der Heijden (NSB)
Stormban II Noard-Hollân en Utert W. Slob (NSB)
Stormban III Grinslân, Fryslân en Drinte T.J.S. van Efferen (Germaanske SS)
Stormban IV Gelderlân en Oerisel N.J. Alblas (NSB)
Stormban V Noard-Brabân en Limburch G. Rollema (Germaanske SS)

Nei de oarloch waarden trije eardere Lânwachters, Gerard Rollema (1915), Gerrit Sanner (1909) en Dirk Eijkelboom (1895) ta de dea feroardield; de deastraf waard ek útfierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: